Fluch oan:

In omjouwingsfergunning of in sloopmelding?

Omjouwingsfergunning (aktiviteit: slope)

Jo hawwe in omjouwingsfergunning nedich as jo slope wolle:

  • By, op of oan in monumint? Gean foar mear ynformaasje nei de side Monumintesoarch.
  • Yn in beskerme steds- of doarpsgezicht.
  • As dat foarskreaun is yn it omjouwingsplan.

Sloopmelding

Der moat altyd in sloopmelding dien wurde as jo by it slopen asbest tsjinkomme en/of der mear as 10m3 sloopôffal frijkomt.

Partikulier

Wolle jo as partikulier asbesthâldend materiaal fuorthelje, dan tsjinje jo de melding minimaal 5 dagen foar it begjin fan de wurksumheden yn. Bou- en sloopôffal kinne jo tsjin betelling ynleverje by de Miljeustrjitte.

Bedriuw

Wolle jo as bedriuw asbesthâldend materiaal fuorthelje of sloopwurksumheden útfiere, dan tsjinje jo de melding minimaal 4 dagen foar it begjin fan de wurksumheden yn.

Asbest en asbesthâldend materiaal

Wolle jo mear witte oer asbest en asbesthâlden materiaal en wat hjirby sjen komt as jo dit fuorthelje? Gean dan nei de side ‘Asbest’.

Fragen of help nedich?

Foar fragen, mear ynformaasje oft jo in melding dwaan moatte of in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.

 

Kosten

Fergees