Fluch oan:

Miljeuregels

Foar jo plannen jilde miljeuregels. De foarskriften stean yn it Beslút aktiviteiten Leefomjouwing en yn it Omjouwingsplan Ljouwert.

In melding of fergunning

Mei de fergunningecheck (iepenet yn in nij ljepblêd) kontrolearje jo oft jo in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte (aktiviteit miljeu), of in melding dwaan moatte. In fergunningsoanfraach tsjinje jo yn fia it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd).

Maatregels op maat

Mei Maatregels op maat (iepenet yn in nij ljepblêd) witte jo hokker regels foar jo jilde en wat jo dwaan kinne om jo oan dy regels te hâlden. Oan dy regels moatte jo sawiesa foldwaan. Ek as jo gjin fergunning of melding nedich hawwe. Jo krije in oersjoch mei bygelyks hokker maatregels jo nimme moatte, hoe faak en yn hokker folchoarder. It oersjoch kinne jo brûke as checklist.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Beslút aktiviteiten Leefomjouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Omjouwingsplan Ljouwert

Fragen

Mear ynformaasje fine jo op de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Wolle jo witte hokker formulier jo noadich hawwe yn it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd) om de fergunning oan te freegjen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.