Fluch oan:

Miljeuregels

Foar jo plannen jilde miljeuregels. De foarskriften stean yn it Beslút aktiviteiten Leefomjouwing en yn it Omjouwingsplan Ljouwert.

In melding of fergunning

Mei de fergunningecheck kontrolearje jo oft jo in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte (aktiviteit miljeu), of in melding dwaan moatte. In fergunningsoanfraach tsjinje jo yn fia it Omjouwingsloket.

Maatregels op maat

Mei Maatregels op maat witte jo hokker regels foar jo jilde en wat jo dwaan kinne om jo oan dy regels te hâlden. Oan dy regels moatte jo sawiesa foldwaan. Ek as jo gjin fergunning of melding nedich hawwe. Jo krije in oersjoch mei bygelyks hokker maatregels jo nimme moatte, hoe faak en yn hokker folchoarder. It oersjoch kinne jo brûke as checklist.

Fragen of help nedich?

Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Beslút aktiviteiten Leefomjouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Omjouwingsplan Ljouwert