Fluch oan:

Offalstoffeheffing bestiet út 2 dielen

Offalstoffeheffing bestiet út in fêst en fariabel (wikseljend) bedrach.

Hoefolle’t jo betelje, hinget ôf fan hoefolle en hoe faak jo restôffal ynleverje. Troch ôffal te skieden, hawwe jo ynfloed op it wikseljende bedrach. Jo betelje minder as jo jo ôffal goed skiede en minder restôffal ynleverje.

De bedraggen fine jo op de pagina Offalstoffeheffing by it kopke ‘Kosten’.

Swalkôffal (Skjinne Buertpas) en medysk ôffal

Mear ynformaasje oer it opromjen fan swalkôffal en de Skjinne Buertpas fine jo op de pagina Swalkôffal opromje yn jo buert.

Hawwe jo te meitsjen mei in groanyske sykte of in medyske beheining? Hawwe jo dêrtroch ekstra medysk ôffal? Freegje in temjittekomming oan foar in diel fan jo ôffalstoffeheffing.

Frijskatting en it nije ôffalbelied

Komme jo yn oanmerking foar frijskatting? Dan krije jo dit jier frijskatting foar it fêste bedrach.

Foar it wikseljende bedrach is de frijskatting maksimaal € 59,12. Troch ôffal te skieden hawwe jo ynfloed op it wikseljende bedrach.

Hawwe jo foar in heger bedrach ôffal oanbean?

Dan krije jo foar dat bedrach gjin frijskatting. Jo moatte dit dan sels betelje. De rekken foar it wikseljende bedrach ûntfange jo yn 2024.

Fragen?

Mear ynformaasje en faakstelde fragen fine jo op de webside Goed terjochte yn Ljouwert. Ek fine jo hjir tips oer it skieden fan ôffal.