Fluch oan:

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download Oanfraach fergunning Gebrûk Iepenbiere Romte (PDF, 151.62 KB en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear hawwe jo in fergunning nedich?

As jo wurksumheden útfiere en dêr in parkearplak by beset hâlde. Ek al is it mar foar 1 dei.

Organisearje jo in evenemint?

Bygelyks in feest of bradery? Freegje dan in evenemintefergunning oan. Jo hawwe gjin aparte fergunning nedich foar it gebrûk fan de iepenbiere romte.

Wannear hawwe jo gjin fergunning nedich?

Jo hawwe gjin fergunning nedich as jo in foarwerp pleatse of wurk útfiere op:

  • in dyk dy’t gjin haaddyk is. Op de kaart Haad- en ûntslutingswegen sjogge jo wat de haaddiken binne. Jo krije allinnich frijstelling fan in fergunning as jo ek foldogge oan de folgjende betingsten:
    • Jo pleatse it foarwerp of fiere de wurksumheden út minimaal 150 meter fan in krusing mei ferkearsljochten.
    • Der wurdt wurke neffens de Crow 96b. Dit hâld yn dat ôfsettingsmateriaal foldocht oan de standert RAW-bepalingen 2015 en de foarskriften Wurk yn Utfiering út dizze standert. Ynformaasje oer dizze foarskriften fine jo op de website fan CROW.
    • Der bliuwt in minimale trochgong oer fan 4 meter. Dat is eksklusyf eventuele fytsstroken.
    • It pleatsen bart bûten de spitsoeren. De spitsoeren binne fan moandei oant en mei freed fan 07:00 oant 09:00 oere en fan 16:00 oant 18:00 oere.
    • As der in trochgongsregeling is en der binne fytsstroken, dan soargje jo foar in ôfskerme fytsrûte oan de sydkant fan it pleatste foarwerp of de wurksumheden.
  • Op brompaden en fytspaden as jo foldogge oan de folgjende betingsten:
    • It fytsferkear kin der by lâns.
    • Der wurdt wurke neffens de Crow 96b. Dit hâld yn dat ôfsettingsmateriaal foldocht oan de standert RAW-bepalingen 2015 en de foarskriften Wurk yn Utfiering út dizze standert. Ynformaasje oer dizze foarskriften fine jo op de website fan CROW.
    • It pleatsen bart bûten de spitsoeren. De spitsoeren binne fan moandei oant en mei freed fan 07:00 oant 09:00 oere en fan 16:00 oant 18:00 oere.
  • Op in stoepe as jo foldogge oan de folgjende betingsten:
    • Der wurdt wurke neffens de Crow 96b. Dit hâld yn dat ôfsettingsmateriaal foldocht oan de standert RAW-bepalingen 2015 en de foarskriften Wurk yn Utfiering út dizze standert. Ynformaasje oer dizze foarskriften fine jo op de website fan CROW.
    • Der bliuwt in minimale trochgong oer fan 1 meter. Of it giet om in stoepe dy’t net yn it sintrum binnen de stedsgrêften leit en ek net neist in haaddyk of ûntslutingsdyk. Op de kaart Haad- en ûntslutingsdiken sjogge jo wat de haaddiken en ûntslutingsdiken binne.

In útstalling, stoepeboerd of reklameboerd pleatse

In útstalling foar in winkel bestiet út guod dat heart by it assortimint fan de winkel. Jo kinne foar jo winkel ek in los reklameboerd of oanbiedingsboerd pleatse of blombakken en bankjes. De bankjes meie gjin terras foarmje.

Jo hawwe gjin fergunning nedich as jo foldogge oan de folgjende betingsten:

  • Jo meie de útstalling of it boerd allinnich pleatse foar it bedriuw, tsjin de gevel, mei in maksimale djipte fan 1 meter.
  • De útstalling is net breder as de gevel.
  • De maksimale hichte fan de útstalling of it boerd is 1,80 meter. Strânflaggen meie maksimaal 2,45 meter wêze.
  • Der bliuwt in frije trochgong oer foar it ferkear fan minimaal 3,50 meter.
  • Der bliuwt in frije trochgong oer op de stoepe fan minimaal 1,5 meter.

Foldogge jo net oan dizze betingsten?

Dan meie jo gjin útstalling, stoepeboerd of reklameboerd foar jo winkel pleatse.

Kosten

  • Foar it yn behanneling nimmen fan in oanfraach betelje jo € 80,39.
  • Foar it gebrûk fan de iepenbiere romte betelje jo prekariobelesting. De hichte fan de prekariobelesting hinget bygelyks ôf fan de grutte fan it objekt dat jo pleatse. Ek makket it út hoe lang’t jo de iepenbiere romte brûke.
  • Yn de tarivetabel fan de Feroardering Prekariobelesting fan de gemeente Ljouwert fine jo de bedraggen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Boargerlik Wetboek Boek 5, kêst 85 o/m 100
  • Algemiene Pleatslike Feroardering, kêst 2.10.