Fluch oan:

Wat binne de betingsten?

Dit binne de betingsten foar it krijen fan in ûntheffing foar karbidsjitten:

  • Freegje de ûntheffing foar 1 desimber oan.
  • Karbid sjitte mei op 31 desimber fan 13:00 oere ôf oant 18:00 oere. Der is in ûntheffing nedich fan de Sneinswet.
  • De eigener fan it terrein moat op papier tastimming jaan. Bygelyks fia in brief.
  • Allinnich molkbussen mei in maksimale ynhâld fan 50 liter meie brûkt wurde.
  • Karbidsjitten mei allinnich bûten de beboude kom.
  • Der moat 75 meter frije sjitromte wêze. Sûnder iepenbiere paden of wegen.
  • Der mei net sjitten wurde yn ’e rjochting fan wenningen.
  • De ôfstân nei wenningen is minimaal 75 meter.
  • De ôfstân nei foarsjennings foar it hâlden fan bisten is minimaal 300 meter.
  • It sjitterrein is goed ferljochte as it tsjuster wurdt.
  • It karbidsjitten mei net soargje foar gefaar foar persoanen, bisten of it miljeu.

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it oanfraachformulier ûntheffing karbidsjitten en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Artikel 2:73a Karbidsjitten fan de Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert.