Fluch oan:

Foarbylden fan in kultuerhistoarysk lânskip:

  • Alde diken dy’t ferhege yn it lânskip lizze.
  • Kronkeljende sleatten as oerbliuwsel fan de rin fan in âlde geul.
  • Sleatten om in histoaryske pleats hinne.
  • Alde (agraryske) ferkavelingssleatten.
  • Einekoaien.

Fergunning

Check it omjouwingsplan

Yn in omjouwingsplan (iepenet yn in nij ljepblêd) stiet oft in sleat, wetterloop, dyk of gebiet kultuerhistoarysk weardefol is. Dat kin op ferskillende manieren oanjûn wurde. Der kin sprake wêze fan in ‘dûbelbestimming – Wearde Kultuerhistoarje’. Of der stiet yn de regels by in bestimming dat it lânskip beskerme is, of der is in ‘wurkingsgebiet’ dêr’t it lânskip mei beskerme is. Yn dy situaasjes meie jo it lânskip net feroarje. Soms wurdt der in útsûndering makke. Freegje in omjouwingsfergunning (iepenet yn in nij ljepblêd) oan.

Wetterfergunning

Yn in soad gefallen hawwe jo in wetterfergunning nedich. Nim kontakt (iepenet yn in nij ljepblêd) op mei Wetterskip Fryslân.

Beskerme bistesoarten en plantesoarten

Binne der beskerme bistesoarten en plantesoarten oanwêzich? Dan hawwe jo mooglik te krijen mei de Wet natuerbeskerming. Nim kontakt (iepenet yn in nij ljepblêd) op mei de Provinsje Fryslân.

Lânskipsbiografy

Op de webside Lânskipsbiografy (iepenet yn in nij ljepblêd) kinne jo ferhalen lêze en fine jo kaarten en ôfbyldingen oer it ûntstean fan ús lânskip. Us lânskip is it resultaat fan iuwenlange foarming. It feroare troch bygelyks de iistiid, eroazje, ferfeaning en troch de bewenners fan it gebiet.

Foar wa?

De lânskipsbiografy is der foar elkenien. Fan natuerleafhawwers, ynwenners, boeren en natuerbehearders, oant ûntwerpers en beliedsmakkers.

Jo kinne de lânskipsbiografy brûke om mear te witten te kommen oer it lânskip fan de gemeente. Foar it opstellen fan alderlei soarten plannen, lykas gebietsplannen, werynrjochtingsplannen, rekreaasje-rûtes en doarpsfyzjes.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Omjouwingswet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Erfgoedferoardering gemeente Ljouwert