Fluch oan:

Haast?

  • Is de gemeente iepen? Nim kontakt op mei de gemeente.
  • Is de gemeente sletten? Nim kontakt op mei de Plysje fia telefoannûmer 0900-8844.

Fundearringsskea?

De fundearring is de konstruksje dy’t in pân draacht. As de fundearring it pân net mear drage kin, kin dat in soad skea feroarsaakje.

Der kinne skuorren en fersakkingen ûntstean, of it kin sels ynstoarte.

Jou jo melding troch fia it Fundearringsloket.

Meitsje jo geregeld meldingen?

Meitsje dan in link oan op jo telefoan of tablet.

Android smartphone/tablet

  • Iepenje de browser Chrome
  • Gean nei meldingen.leeuwarden.nl
  • Druk op de trije puntsjes rjochts boppe-yn
  • Druk op ‘App installeren’ of ‘Toevoegen aan startscherm’
  • Fier in namme yn
  • Druk op ‘Toevoegen’
  • Druk nochris op ‘Toevoegen’

iPhone/iPad

  • Iepenje de browser Safari
  • Gean nei meldingen.leeuwarden.nl
  • Tik ûnderyn (iPad boppe-yn) op ’e dielknop (fjouwerkant mei pylkje nei boppe)
  • Tik op ‘Zet op beginscherm’
  • Tik eventueel op ’e namme om oan te passen
  • Tik op ‘Voeg toe’

De ‘MijnGemeente’ app kin net mear brûkt wurde.

Fan 12 juny 2023 ôf brûke wy in nij systeem foar meldingen. Sa kinne wy jo better en flugger helpe.

Wichtichste wizigingen

  • Jo hoege net mear sels in ûnderwerp te kiezen. Jo kinne yn jo eigen wurden in melding yntype. It systeem werkent jo wurden en stelt fragen.
  • Jo melding wurdt fuortdalik nei de juste behanneler stjoerd. Sa kinne wy jo better en flugger helpe.
  • Jo kinne sels de status fan jo melding kontrolearje as jo jo e-mailadres ynfulle.
  • Nei ôfhanneling fan jo melding kinne jo oanjaan oft jo tefreden binne oer hoe’t wy jo melding yn behanneling nommen hawwe. Dit helpt om ús tsjinstferliening te ferbetterjen.

Boete foar it dumpen en bysetten fan ôffal

Der wurde boeten oplein foar it bygelyks te gau oanbieden fan hússmoargens, it dumpen fan grut ôffal of ôffal bysetten dêr’t it net heart of mei. Ynformaasje oer hoe heech oft de boeten binne, fine jo op de webside fan Boetebase.

Klacht yntsjinje

Hawwe jo in ferfelende ûnderfining mei de gemeente? Wurdt jo brief net beäntwurde? Hawwe jo it gefoel dat jo net goed holpen binne? Jo kinne derfoar kieze om digitaal in klacht yn te tsjinjen.

Kinne of wolle jo net digitaal in klacht yntsjinje?

  • Download it klachteformulier en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
  • Of belje nei 14 058.
  • Of kom persoanlik lâns op it Gemeentehûs.
  • Of skriuw in brief en stjoer dy op nei de gemeente Ljouwert.

Hoe lang duorret de ôfhanneling?

De klacht moat binnen 6 wiken ôfhannele wêze. Dit kin 1 kear mei 4 wiken ferlinge wurde. As dat sa is, ûntfange jo in brief.

Net iens mei de ôfhanneling?

Freegje de Nationale Ombudsman om help. Dit kin allinnich as earst de gemeente Ljouwert jo klacht yn behanneling nommen hat. De klacht moat al ôfhannele wêze.

Jierferslach klachten

Yn it Jierferslach klachten fine jo ynformaasje oer it klachte-oersicht fan 2022. En hoe’t wy omgean mei klachten.