Fersyk yntsjinje ta hanthavening
In hanthaveningsfersyk is wat oars as in melding. Mei in hanthaveningsfersyk starte jo in formele proseduere, wêryn’t jo de gemeente freegje om in offisjeel beslút te nimmen. Der wurdt sjoen oft de regels oertrêde wurde. Bygelyks bouwe sûnder fergunning of in gebou dat brûkt wurdt foar wat dat neffens it omjouwingsplan net mei.
Wolle jo gjin offisjele proseduere starte
Dan kinne jo in melding dwaan. De gemeente nimt dan gjin offisjeel beslút, mar in tasichthâlder besjocht de situaasje en giet yn gesprek mei de belutsenen.
Yn in soad gefallen is in melding genôch om it probleem op te lossen. Jo kinne dat anonym dwaan. In hanthaveningsfersyk kinne net anonym. Jo namme en kontaktgegevens binne dan bekend by dejinge tsjin wa’t jo it hanthaveningsfersyk yntsjinje.
Wat jo witte moatte
Jo kinne ek skriftlik in hanthaveningsfersyk yntsjinje. Stjoer it fersyk op nei:
Gemeente Ljouwert
Kolleezje fan boargemaster en wethâlders
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert
Wat skriuwe jo yn jo hanthaveningsfersyk
- jo namme, adres, telefoannûmer en eventueel jo e-mailadres;
- de datum dêr’t jo it fersyk op skriuwe;
- in dúdlike omskriuwing fan de situaasje dêr’t jo in hanthaveningsfersyk oer yntsjinje;
- it adres of lokaasje dêr’t de yllegale situaasje him foardocht;
- wat jo wolle dat wy oan de situaasje dogge;
- wêrom ûnderfine jo yn dit spesifike gefal oerlêst?
- hawwe jo al ris earder oer deselde situaasje in hanthaveningsfersyk yntsjinne? En is dêr in beslút oer nommen? Jou dan oan wêrom’t dizze situaasje nij is;
- jo hantekening.
Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan
It yntsjinjen fan in hanthaveningsfersyk is de lêste stap.
Praat earst mei-inoar of doch in melding. Leveret in melding net it winske resultaat op, dan kinne jo altyd noch in hanthaveningsfersyk yntsjinje.
It yntsjinjen fan in hanthaveningsfersyk kin foar spanning soargje. As wy in tasichthâlder lâns stjoere, kin dat heftich oerkomme. Probearje dêrom earst mei elkoar in oplossing te finen. Sa komme jo rúzje tefoaren en is de kâns grutter dat jim relaasje goed bliuwt. Ek foarkomme jo lange prosedueres.
Tips om mei elkoar yn gesprek te gean fine jo op pagina Sosjale oerlêst. Ek fine jo ynformaasje wat jo dwaan moatte as jo der mei elkoar net út komme.
Wat kinne jo sels dwaan
It yntsjinjen fan in hanthaveningsfersyk is de lêste stap. Praat earst mei-inoar of doch in melding. Leveret de melding net it winske resultaat op, dan kinne jo altyd noch in hanthaveningsfersyk yntsjinje.

Tips om mei elkoar yn gesprek te gean fine jo op de pagina Sosjale oerlêst. Ek fine jo ynformaasje wat jo dwaan moatte as jo der mei elkoar net út komme.
Nei it yntsjinjen fan jo hanthaveningsfersyk
Wy beslisse binnen 8 wiken op jo fersyk. Dit kin 1 kear mei 8 wiken ferlinge wurde. Dêroer krije jo dan apart berjocht.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: