Fluch oan:

Wat te dwaan by grûnwetteroerlêst?

  • Kontrolearje de krûpromte op trochhingjende, knapte of lekkende buizen.
  • As jo in rioellucht rûke, is de kâns grut dat der in probleem is mei de riolearring. It bêste is om kontakt op te nimmen mei in riolearringsbedriuw.
  • Kontrolearje oft de ôffier foar reinwetter net brutsen of fersakke is, oars kin it wetter yn ’e krûpromte telâne komme.
  • Soargje der ek foar dat it wetter om jo hûs hinne net nei binnen streamt.
  • As der wetter yn jo kelder stiet, is it oan te rieden om dy wetterticht te meitsjen. Jo kinne hjirfoar kontakt opnimme mei in boubedriuw.
  • Ynformearje by de buorlju oft sy ek lêst hawwe fan dy problemen.

Wannear skeakelje ik de gemeente yn?

As jo it probleem net sels oplosse kinne, kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente fia in melding wen-, wurk en leefomjouwing. De gemeente sil op it plak sels de situaasje beoardielje.

Wa is ferantwurdlik?

As jo lêst hawwe fan focht of lekkaazjes yn jo hûs of pân, moat de eigener fan it gebou der wat oan dwaan. Hy kin bygelyks in fochtkearende flier lizze of de kelder reparearje. As dat net wurket, kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente om te freegjen om help.

Fragen?

Foar mear ynformaasje oer riolearring en wetterbehear yn ’e stêd, nim kontakt op mei Stichting Rioned.

 

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Boubeslút 2012
  • Wetterwet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Gemeentlik Riolearringsplan (2019-2022)