Fluch oan:

Hoe wurket it?

De liening (hypoteek mei fersulverliening) kin oant 80% fan de WOZ-wearde fan de wenning. Dy oerwearde kinne jo brûke om jo wenning te ferduorsumjen of om oanpassingen yn en om de wenning oan te bringen.

Jo kinne dizze liening brûke foar bygelyks:

  • It oanbringen fan dûbel glês.
  • Isolearjen fan ’e flier(ren).
  • Isolearjen fan it dak.
  • In oanpassing yn ’e badkeamer.
  • In oanpassing foar in sliepkeamer ûnder.
  • In oanpassing sadat jo jo makliker bewegen bliuwe kinne yn jo wenning of tún.

Sadree’t jo akkoart ha fan de gemeente, kinne jo de liening by de SVn Bank oanfreegje.

Betingsten

Der binne in pear betingsten dêr’t jo oan foldwaan moatte:

  • Jo wenje yn de gemeente Ljouwert.
  • Jo binne beide 57 jier of âlder.
  • Jo binne eigener fan it hûs dêr’t jo in liening foar oanfreegje wolle.
  • Jo wenje/sille wenje yn it hûs dêr’t jo in liening foar ôfslute wolle.
  • It hûs dêr’t jo in liening foar ôfslute wolle, is op syn minst 1 jier âld.
  • As der sprake is fan in houlik/registrearre partnerskip of mienskiplik eigendom, moatte jo de fersulverliening tegearre oanfreegje. De partner moat dan ek oan de betingsten fan de fersulverliening foldwaan.
  • Jo kinne minimaal € 2.500,- en maksimaal € 25.000,- liene mei de fersulverliening.

Wannear ôflosse?

  • Oan ’e ein fan de rintiid.
  • By de ferkeap fan de wenning.
  • By it ferstjerren fan de langstlibjende wenningeigener.

Wat is in hypotekêre liening?

De fersulverliening is in hypotekêre liening. Dat betsjut dat jo dit fia de notaris regelje. De kosten foar de notaris kinne jo meifinansiere by de liening.

It foardiel fan de fersulverliening is dat de kosten fan de rinte en de ôflossing letter betelle wurde moatte. Dus nei it ferstjerren of de ferkeap fan jo wenning. Jo betelje dy kosten dus net alle moannen.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan SVn.

Kin ik nei myn eigen hypoteekferstrekker?

Net alle hypoteekferstrekkers kenne it produkt fersulverliening. Jo kinne wol by jo eigen hypoteekferstrekker ynformearje oft jo yn oanmerking komme kinne foar it fersulverjen fan de oerwearde fan jo wenning.

 

Is de rinte fiskaal ôf te lûken?

Nee, de fersulverliening is in Box 3-hypoteek. Jo finansjeel adviseur kin jo hjiroer útlis jaan.

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.