Fluch oan:

Webside Waarmtefûn checke

Check fóár’t jo de duorsumensliening oanfreegje de betingsten fan lienen by it Waarmtefûns. Foar eigener-bewenners mei in sammelynkommen fan minder as € 60.000 kin de Enerzjybesparliening fia it Waarmtefûns oantrekliker wêze as de Duorsumensliening. De Enerzjybesparliening fan it Waarmtefûns rekkenet foar dy doelgroep nammentlik in rinte fan 0%. Mear ynformaasje fine jo op de website fan it Waarntefûns.

Oanfreegje

Download it oanfraachformulier duorsumensliening (PDF, 468.2 KB) en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Easken en betingsten

  • Jo kinne minimaal € 2.500,- liene oant in maksimum fan € 7.499,-
  • Jo betelje de liening binnen 120 oant 180 moannen ôf.
  • Eigeners dy’t yn de wenning wenje kinne de duorsumensliening oanfreegje.
  • Ferhierders en hierders kinne de liening net oanfreegje.
  • De oanfreger moat minimaal 18 jier wêze. Der is gjin maksimum âldensgrins.

Wat bart der nei jo oanmelding?

Wy beoardielje oft jo oan de easken en betingsten foldogge. Foldogge jo oan de easken en betingsten, dan ûntfange jo in oanfraachformulier. Dit oanfraachformulier tsjinje jo yn by it Stimulearringsfûns Folkshúsfesting (SVn).

Wannear krije jo in reaksje op jo oanmelding?

Jo krije binnen in pear dagen in reaksje fan de gemeente.

Hoe lang duorret in oanfraach by it SVn?

Ungefear 5 oant 10 wurkdagen.

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje oer de Duorsumensliening fine jo op de webside fan it Stimulearringsfûns Folkshúsfesting.