Fluch oan:

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?

  • Gevelisolaasje
  • Flierisolaasje
  • Boaiemisolaasje
  • Souder/flieringisolaasje
  • Dakisolaasje fan binnenút of fan in plat dak
  • Dakisolaasje fan bûtenôf
  • Spoumuorre-isolaasje
  • HR++-glês/HR++ tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar
  • Ferfanging fan in âlde sintrale ferwaarmingstsjettel dy’t minstens 15 jier âld is troch in nije tsjettel mei minimaal enerzjylabel A foar apparaten, dy’t geskikt is om te brûken yn kombinaasje mei in hybride waarmtepomp.

Ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje

Dit komt omt wy bisten, bygelyks flearmuzen, dy’t yn jo hûs libje, beskerme wolle by it isolearjen. De ekstra betingsten binne:

  • It is wichtich dat jo kieze moatte foar in isolaasjebedriuw dat wurket neffens de metoade ‘Natuurvriendelijk insoleren’. Der is in list makke mei gaadlike bedriuwen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Natuurvriendelijk insoleren.
  • It isolaasjebedriuw folget de natuerkalinder. Jo kinne de maatregels net elke moanne útfiere litte. Jo fine de natuerkalinder ek op de webside Natuurvriendelijk isoleren.
  • Jo wenning moat earst natuerfrij makke wurde. De bisten moatte earst feilich fuortkomme kinne foardat it isolearjen begjint. Dit docht it isolaasjebedriuw.
  • Foar dizze maatregels jildt dat der per kalinderjier per buert mar in beskaat tal huzen isolearre wurde mei. It isolaasjebedriuw wit hokker buerten al ‘fol’ sitte.
  • Jo moatte wenje yn in wenning mei in terras of tún. In appartemint mei bygelyks net.

Dit is in tydlike wurkwize. Wy wurkje oan in plan om derfoar te soargjen dat ferduorsumjen en beskermjen fan bisten lykop geane.

Betingsten

  • Jo binne eigener fan de wenning yn de gemeente Ljouwert en bewenje dy.
  • Jo wenning hat it enerzjylabel D, E, F of G.
  • Hat jo wenning gjin fêststeld enerzjylabel? Dan moat dizze boud wêze fóár 1992.
  • Jo wenning hat in maksimale WOZ-wearde fan € 268.000 (peildatum 1 jannewaris 2022).
  • It ynkommen fan jo húshâlding is net mear as € 48.625 bruto per jier.
  • Jo kinne per adres/húshalding ien kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje.
  • Jo freegje earst subsydzje oan. Dêrnei fiere jo de maatregel pas út.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • In offerte mei jo namme, adres en wenplak derop.
  • In omskriuwing fan alle enerzjybesparjende maatregels of wenningferbetterings dy’t útfierd wurde. Jou ek de namme troch fan it brûkte (isolaasje)materiaal.
  • De kosten dy’t jo makke hawwe.

Binne jo fan doel it ferduorsumjen sels te dwaan?

  • In plan mei de wurksumheden dy’t jo útfiere sille.
  • In oersicht mei de ferwachte kosten.
  • In helbere planning fan alle wurksumheden.
  • Yn it gefal dat de verwaarmingstsjettel ferfongen wurdt: In bewiis dat de âlde tsjettel âlder is as 15 jier. Jo kinne dit bewize mei in rekken of in foto fan it typenûmer.
  • Jo kinne allinnich subsydzje krije foar de kosten fan de materialen, net foar jo eigen oeren.

Hichte subsydzje

Jo kinne maksimaal € 2.500 oan subsydzje oanfreegje. Kostje de maatregels mei-inoar jo minder as € 2.500? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels oanfreegje.

Wat dogge jo as de enerzjybesparjende wenningmaatregels útfierd binne?

Jo moatte in fersyk ta fêststelling ynleverje. Dat dogge jo troch it weromstjoeren fan it deklaraasjeformulier dat jo by de beslissing fan jo oanfraach krigen hawwe. Jo dogge by dit deklaraasjeformulier ek de faktueren en/of betelbewizen.

 

Yn it gefal fan in doch-it-selsinisjatyf en jo de wenning sels ferduorsume hawwe, heakje jo oan dit deklaraasjeformulier ta:

  • In foto fan de situaasje foar en nei it ôfrûnjen fan de enerzjybesparjende wenningmaatregels. Op de foto stiet de datum wannear’t de foto makke is.
  • In rekken (kassabon) of oerienkomst foar de kochte materialen mei jo namme, adres en wenplak derop.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wolle jo noch mear oan jo min isolearre wenning dwaan (litte)?

Wy hawwe noch in subsydzjeregeling foar it isolearjen fan jo wenning; gean nei de side subsydzje isolaasje eigen wenning. Der jilde deselde betingsten foar it enerzjylabel en de maksimale WOZ-wearde fan jo wenning. Der is gjin ynkommenseask. Mooglik kinne jo fan beide subsydzjes gebrûk meitsje, sadat jo noch mear oan jo wenning dwaan kinne.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels.