Fluch oan:

Wêrom is it kontinuïteitsplan opsteld?

It Kontinuïteitsplan is opsteld om de soarch foar jongerein yn Fryslân te boargjen. Yn it plan meitsje wy stevige karren oer it soarchoanbod en de bedriuwsfiering by JHF. Mei dy karren soargje wy der mei-inoar foar dat JHF bestean bliuwe kin. JHF is in grutte oanbieder fan de jeugdsoarch yn Fryslân en op dy wize kin de jongerein yn ús provinsje de soarch krijen bliuwe dy’t sy nedich hawwe.

Gearfetting Kontinuïteitsplan

Jeugdhelp Fryslân (JHF) giet foar kwalitative soarch op in smeller portfolio (soarchoanbod). JHF hâld uterlik 1 july 2024 op mei soarchferliening op lokaasje Boerestreek (foarhinne Behannelsintrum Woodbrookers) yn Koartehimmen. JHF giet fierder mei de opbou fan lytsskalige wenfoarsjenningen dêr’t in alternatyf oanbod foar Jeugdsoarch+ yn realisearre wurdt. Dêrneist wurdt der in eksterne rezjyfierder oansteld. Dizze rezjyfierder sjocht derop ta dat der in útfieringsplan, as ferfolch op it Koninuïteitsplan, makke en útfierd wurdt.

JHF hat finansjele stipe nedich om likwiditeitsproblemen foar te kommen. JHF wol oanspraak meitsje op in liening fan € 2,5 miljoen fan it ministearje fan VWS. De oare € 2,5 miljoen komt beskikber fia befoarskotting troch de gemeenten en ynterne effisjinsjemaatregels troch JHF.

De útfiering fan it plan freget op koarte termyn gjin ekstra finansjele stipe fan de gemeenten. Mooglik wurdt der yn de takomst noch oanfoljende finansjele stipe frege. Yn dat gefal nimme de Fryske gemeente dêroer noch in apart beslút. Foar de transysjes (ûnder oare ôfbou sletten jeugdsoarch) binne noch ryksmiddels beskikber (SPUK jilden). Mei de útfiering fan dit plan stribje wy mei-inoar nei kontinuïteit, kwaliteit en betelberheid fan de jeugdsoarch yn Fryslân.

Binne jo kliïnt by Jeugdhelp Fryslân of in ferwizer?

Mear ynformaasje oer mooglike gefolgen oangeande it soarchoanbod fan Jeugdhelp Fryslân fine jo op de webside fan Jeugdhelp Fryslân Hjir kinne jo ek terjochte foar jo fragen.