Fluch oan:

Adressen fan gemeentlike begraafplakken

  • Noarderbegraafplak: Skieppedykje 4, Ljouwert
  • Huzumerbegraafplak: Huzum-doarp 67a, Ljouwert
  • Grou: Stasjonswei 1F
  • Jirnsum: Kerkebuurt 10
  • Reduzum: Legedyk 6
  • Warten: Midsbuorren 1A
  • Wergea: Wartensterdyk 1B

Iepeningstiden

  • Jo kinne in begraafplak besykje fan sinne-opkomst oant sinne-ûndergong.
  • Begrave, it bysetten fan jiskebussen en it ferstruien fan jiske kin op wurkdagen fan 10:00 oere oant en mei 15:00 oere. In plechtichheid begjint op it hiele oere. De lêste mooglikheid foar it begjin fan in plechtichheid is om 15:00 oere.
  • Begrave kin op sneons fan 10:00 oere oant en mei 12:00 oere. In begraffenis begjint op it hiele oere. De lêste mooglikheid foar it begjin fan in plechtichheid is om 12:00 oere.
  • De neamde tiden binne de oankomsttiden op it begraafplak.

Wolle jo witte wêr’t immen begroeven leit?

Sykje it grêf op fia de website Grafzoeken.

Underhâld fan it begraafplak

De gemeente Ljouwert ûnderhâldt de algemiene begraafplakken. As jo grêfrjochten betelje, betelje jo meastal automatysk mei oan it ûnderhâld. By guon grêven moatte jo apart betelje foar it ûnderhâld fan it begraafplak en de grêfbedekking. Dêroer lêze jo mear by grêfbedekkingen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering gemeentlike begraafplakken Ljouwert 2018.
  • Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken Ljouwert 2018.
  • Feroardering begraafrjochten Ljouwert 2024.