Registraasje net-ynwenners
Komme jo nei Nederlân om te wurkjen en bliuwe jo koarter as 4 moannen? Skriuw jo binnen 5 dagen nei oankomst yn Nederlân yn as ‘net-ynwenner’. Jo moatte hjir in ôfspraak foar meitsje. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. Wy freegje jo dêrom gjin telefoanysk kontakt mei ús op te nimmen foar in ôfspraak op in oar momint.
Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?
Jo komme persoanlik del mei in:
- Jildich en orizjineel legitimaasjebewiis.
- Bewiis fan jo adresgegevens yn it bûtenlân. Bygelyks in bankôfskrift.
- De QR-koade dy’t jo krije nei it ynfullen fan it online ynskriuwformulier RNI.
Binne jo jonger as 16 jier? Dan nimme jo it folgjende mei:

- Orizjinele berte-akte, opsteld yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk.
- Is de akte yn in oare taal, dan is in oersetting nedich. Ek kin der in legalisaasje fan it dokumint nedich wêze.
- Neist de minderjierrige moat ek op syn minst ien fan de âlden by de ynskriuwing oanwêzich wêze.
Wolle jo jo partner en/of bern ynskriuwe litte?
Ek sy moatte mei nei de ôfspraak.
Wêrom moat ik my registrearje litte?
Jo krije troch de registraasje in Boagerservicenûmer (BSN). Dit nûmer is nedich as jo yn Nederlân wurkje wolle. Of op in oare manier mei de Nederlânske oerheid te krijen hawwe.
Wat wurdt der registrearre?
- Namme
- Berte
- Geslacht
- Ferstjerren
- Nasjonaliteit
- Wenadres bûten Nederlân
- Boargerservicenûmer
Gegevens wizigje yn it bûtenlân
Wenje jo yn it bûtenlan en ferhúzje jo nei in oar adres yn it bûtenlân? Of hawwe jo in nij telefoannûmer of e-mailadres? Jou dan jo nije adres of nije kontaktgegevens troch fia adreswiziging bûtenlân. Jo hawwe in DigiD nedich.
It is wichtich dat jo adres en kontaktgegevens goed binne. Sa binne jo der wis fan dat jo gjin wichtige post fan de oerheid of betellings misse.
Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan Nederland Wereldwijd.
Gegevens wizigje yn Nederlân
Wenje jo tydlik yn Nederlân en ferhúzje jo nei in oar adres yn Nederlân? Of hawwe jo in nij telefoannûmer of e-mailadres? Jou dan jo nije adres of nije kontaktgegevens troch fia MyRNI. Jo hawwe in DigiD nedich. Jo kinne hjir ek trochjaan dat jo net langer yn Nederlân wenje of dat jo tydlik werom binne.

Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan DigiD as net-ynwenner fine jo op de webside Work in NL (Nederlânsk) Work in NL (Ingelsk).