Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

Jo komme persoanlik del mei in:

  • Jildich en orizjineel legitimaasjebewiis.
  • Bewiis fan jo adresgegevens yn it bûtenlân. Bygelyks in bankôfskrift.
  • De QR-koade dy’t jo krije nei it ynfullen fan it online ynskriuwformulier RNI.

Binne jo jonger as 16 jier? Dan nimme jo it folgjende mei:

  • Jildich en orizjineel legitimaasjebewiis.
  • Orizjinele berte-akte, opsteld yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk.
    • Is de akte yn in oare taal, dan is in oersetting nedich. Ek kin der in legalisaasje fan it dokumint nedich wêze.
  • Neist de minderjierrige moat ek op syn minst ien fan de âlden by de ynskriuwing oanwêzich wêze.

Wolle jo jo partner en/of bern ynskriuwe litte?

Ek sy moatte mei nei de ôfspraak.

Wêrom moat ik my registrearje litte?

Jo krije troch de registraasje in Boagerservicenûmer (BSN). Dit nûmer is nedich as jo yn Nederlân wurkje wolle. Of op in oare manier mei de Nederlânske oerheid te krijen hawwe.

Wat wurdt der registrearre?

  • Namme
  • Berte
  • Geslacht
  • Ferstjerren
  • Nasjonaliteit
  • Wenadres bûten Nederlân
  • Boargerservicenûmer