Fluch oan:

Fergunningecheck

Jo hawwe in plan. Mei de Fergunningecheck (iepenet yn in nij ljepblêd) op it Omjouwingsloket kontrolearje jo oft jo foar jo wurksumheden in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte, of in melding trochjaan moatte.

Doch de check foar al jo wurksumheden

Kappe jo in beam om in útwei oan te lizzen? Folje dan foar beide aktiviteiten de fergunningecheck yn.

De resultaten fan de check jouwe gjin garânsje of rjochten. Wolle jo wis wêze oft jo in fergunning nedich hawwe? Tsjinje dan in oanfraach omjouwingsfergunning yn. Wy kontrolearje dan oft jo in fergunning oanfreegje moatte.

Is de útkomst ‘Nim kontakt op mei jo gemeente’?

Is de útkomst, troch de reden floara-en-fauna of Natura 2000-aktiviteit, dat jo kontakt opnimme moatte mei de gemeente? Nim dan kontakt op mei de Provinsje Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd) en net mei de gemeente. De gemeente Ljouwert giet hjir net oer.

Foaroerlis

Twivelje jo oer de helberheid fan jo plan? Lis jo idee dan earst ynformeel oan ús foar. Dat neame wy in foaroerlis. Wy riede oan om in foaroerlis yn te tsjinjen by grutte projekten of by plannen dy’t ôfwike fan it omjouwingsplan. Yn it foaroerlis litte wy jo witte hoe grut de kâns is dat jo oanfraach goedkard wurdt.

Jo tsjinje in foaroerlis yn fia it omjouwingsloket fia de tegel ‘Jo idee ferkenne (iepenet yn in nij ljepblêd)’.

Kosten

It yntsjinjen fan in foaroerlis kostet jild. It basistaryf is € 467,28. Kosten foar in advys fanút wolstân kinne hjir noch by komme.

Jo krije de kosten werom as jo in omjouwingsfergunning oanfreegje. De kosten dy’t jo miskien meitsje foar wolstânsadvys krije jo net werom.

Definitive oanfraach of melding yntsjinje

Jo tsjinje de definitive oanfraach of melding yn fia it Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd). Tsjinje de oanfraach kompleet yn. Dat foarkomt fertraging. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylage stean. Bygelyks jo namme, adres of BSN. It yntsjinjen fan in oanfraach kostet jild.

Jo krije in automatyske ûntfangstbefêstiging fan it Omjouwingsloket. Wy stjoere dêrnei ek noch in ûntfangstbefestiging. Sa binne jo der wis fan dat jo oanfraach by ús binnenkommen is.

Ekstra ynformaasje yntsjinje?

Giet it om in fergunningsoanfraach? Gean nei Myn Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd). Heakje de ynformaasje ta ûnder itselde fersyknûmer.

Giet it om in melding? Dan is it net mooglik de ynformaasje ta te heakjen. Wy wize jo melding ôf en litte jo witte dat jo in nije melding yntsjinje moatte.

Proseduere melding

Meastal moatte jo in melding dwaan 4 wike foar’t jo begjinne mei de aktiviteit. Soms kin in oare termyn jilde. Dat stiet op de aksjelist dy’t jo krije nei’t jo de fergunningecheck ynfuld hawwe.

Is de melding kompleet? Dan krije jo fan ús berjocht.

Proseduere fergunningsoanfraach

Wy litte jo witte oft wy jo oanfraach beoardielje meie. Binne wy net de ynstânsje dy’t beslist? Dan stjoere wy jo oanfraach troch. Ek jouwe wy oan hokker proseduer jildt:

Reguliere proseduere

  • Dizze proseduere duorret maksimaal 8 wiken. Dizze perioade kin 1 kear ferlinge wurde mei 6 wike.
  • Wy toetse jo oanfraach neffens de wetlike regels. Soms freegje wy advys oan in oare organisaasje. Bygelyks it Wetterskip of de Wolstânskommisje.
  • Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan stjoere wy jo in ôfskrift fan de fergunning. Wy publisearje de fergunning online.

Wiidweidige proseduere

  • De proseduere duorret maksimaal 6 moannen. Dizze perioade kin 1 kear ferlinge wurde mei 6 wike.
  • Wy toetse jo oanfraach neffens de wetlike regels. Soms freegje wy advys oan in oare organisaasje. Bygelyks it Wetterskip of de Wolstânskommisje.
  • Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan wurdt der earst in ûntwerpfergunning opsteld. Dy leit op besjen. Dat betsjut dat elkenien de fergunning ynsjen kin.
  • Wol immen reagearje? Dan moat dy persoan in sjenswize yntsjinje. Dat moat binnen 6 wiken.
  • Nei 6 wiken stelle wy it definitive beslút op. De sjenswizen kinne liede ta feroaringen yn de ûntwerpfergunning. Wy jouwe per sjenswize in reaksje.
  • Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan stjoere wy jo in ôfskrift fan de fergunning. Wy publisearje de omjouwingsfergunning online.

Wat nedich by hokker aktiviteit?

Fia de pagina Omjouwingsfergunning fine jo aktiviteiten dêr’t jo miskien in omjouwingsfergunning foar oanfreegje moatte, of in melding trochjaan moatte.

Bygelyks as jo wat bouwe sille, asbest ferwiderje sille, wat slope sille, in beam kappe sille, of in útrit oanlizze wolle.

Myn Omjouwingsloket

Fia Myn Omjouwingsloket (iepenet yn in nij ljepblêd) kinne jo;

  • al jo yntsjinne fersiken ynsjen;
  • fergunningsoanfragen oanfolje, wizigje of ynlûke;
  • immen machtige om út jo namme in oanfraach yn te tsjinjen.

Oanfraach yntsjinne foar 1 jannewaris 2024?

Dan kinne jo in oanfulling op dizze oanfraach net fia it OLO of Omjouwingsloket yntsjinje. In oanfulling kinne jo maile nei vergunningen@leeuwarden.nl. Neam hjirby jo saaknûmer.

Beswier meitsje en berop yntsjinje

Is de fergunning ferliend? Belanghawwers kinne beswier meitsje of berop yntsjinje.

It meitsjen fan beswier is fergees.

It yntsjinjen fan berop kostet jild.

Tsjin in melding kinne jo gjin beswier meitsje of berop yntsjinje.

Fragen of help nedich?

Gean dan nei it Helpsintrum (iepenet yn in nij ljepblêd) fan it Omjouwingsloket.

Dêrnei noch fragen of help nedich?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Yn it gefal dat jo help nedich hawwe by it yntsjinjen fan in oanfraach, kinne jo ek in ôfspraak meitsje (iepenet yn in nij ljepblêd) om lâns te kommen op it gemeentehûs. Graach de nedige dokuminten en in eigen laptop meinimme foar it yntsjinjen. Wolle jo witte hokker dokuminten jo nedich hawwe? Gean nei de pagina: Bouwen.