Fluch oan:

Regels op de kaart

Fia Regels op de kaart (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo de regels en it belied fan alle oerheden by elkoar.

Wat jo opsykje kinne

  • Wêr’t in lokaasje of gebou foar brûkt wurde mei. Bygelyks wêr’t wenne wurde mei of wêr’t hoareka fêstige wurde mei.
  • Oan hokker regels en belied noch wurke wurdt. Sadat jo witte wat der yn de takomst feroaret yn jo omjouwing.

Nije regels reinwetter

De gemeente Ljouwert wol nije regels opnimme yn it omjouwingsplan om wetteroerlêst troch fûle rein te beheinen. By bepaalde projekten moat reinwetter tydlik op eigen terrein opfongen wurde en dêrnei geliedlik ôffierd wurde. Sa wurdt it rioel minder belêste.

Gean foar mear ynformaasje nei de pagina Nije regels foar it opfangen fan reinwetter.

Bûtengebiet Súd

De gemeente Ljouwert wurket oan in nij omjouwingsplan foar de hiele gemeente. Dit dogge wy stap foar stap, per gebiet. Wy binne begûn mei it meitsjen fan in omjouwingsplan foar it Bûtengebiet Súd. De gemeenteried beslút hjiroer yn 2026. Dêrnei folgje oare gebieten. Gean foar mear ynformaasje nei de pagina Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd.

Omjouwingsplan

Op 1 jannewaris 2032 moat der ien nij omjouwingsplan wêze foar de hiele gemeente. Yn de gebieten dêr’t noch gjin nij omjouwingsplan foar makke is, jilde oant dy tiid de âlde regels.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.