Nije regels foar jeften yn de bystânsútkearing
Oant no ta moasten jo alle feroaringen dy’t ynfloed hawwe op jo bystânsútkearing trochjaan oan de gemeente. Per 1 jannewaris 2026 hoege jo net mear alles troch te jaan. Wol is it belangryk dat jo alles sels byhâlde wat jo krije of fertsjinje. Wat betsjut dit foar jo?
Jeften
In jefte is jild of it binne dingen dy’t jo fergees krije, sûnder dat jo dêr wat foar hoege te dwaan. Bygelyks:
- Immen jout jo in tas mei boadskippen.
- Immen jout jo jild (op jo rekkening).
- Immen jout jo in wykeintsje fuort kado.
- Immen betellet jo soarchfersekering.
Jeften sels byhâlde
Jo hoege net mear alle jeften oan ús troch te jaan. Wol is it belangryk dat jo dit sels byhâlde. Wy hawwe in registraasjeformulier (iepenet yn in nij ljepblêd) foar jo makke. Dit formulier kinne jo brûke om jo jeften by te hâlden.
Wat jouwe jo troch
Is de wearde fan jo jeften per jier heger as € 1.200,-? Jou dit oan ús troch. Bliuwt it bedrach fan jo jeften ûnder de € 1.200,-? Dan hoege jo dat net oan ús troch te jaan.
Fermogen
Fermogen is bygelyks jo sparjild. Of de wearde fan in auto of hûs. Mar fermogen is ek belizzingen of crypto (digitaal jild dat jo allinnich op ynternet brûke kinne).
Wat jouwe jo troch
Komt jo fermogen boppe de folgjende bedraggen út? Jou dit oan ús troch:
- € 8.000,- foar allinnichsteanden.
- € 16.000,- foar trouden of allinnichsteande âlden.
Hâld sels jo fermogen by. Dat kin fia it registraasjeformulier fan de gemeente.
Skulden
Hawwe jo skulden? Dan meie jo dat fan jo fermogen ôflûke. Jo moatte wol bewize kinne dat jo dy skulden werombetelje moatte. Stúdzjeskulden of skulden oan famylje of freonen meie jo net fan it fermogen ôflûke.
Faak stelde fragen
Wêrom moat ik fanôf jannewaris 2026 myn jeften en fermogen sels byhâlde?
De regels yn de Partisipaasjewet binne fersoepele. Jo hoege minder ynformaasje oan ús troch te jaan. Wy wolle jo mear fertrouwen jaan en it ienfâldiger foar jo meitsje.
Wêrom is it belangryk dat ik ynsjoch ha yn de jeften dy’t ik krij?
De gemeente moat witte hoefolle jeften jo krije. As it yn totaal mear is as € 1200,- yn it jier, dan kin dat ynfloed hawwe op jo fermogen. Hawwe jo te folle fermogen? Dan hawwe jo gjin rjocht mear op in bystânsútkearing.
Wat binne jeften?
Jeften binne dingen dy’t jo krije sûnder dat jo wat werom hoege te dwaan. Dat kin jild wêze, mar ek spullen, sa as in fyts, in waskmasine of boadskippen. It is ek in jefte as immen jo soarchfersekering of autofersekering betellet, of as immen jo in wykeintsje kado jout.
Wêr moat ik myn jeften opskriuwe?
Jo kinne dit sels byhâlde yn in (húshâld)boekje of brûk it registraasjeformulier (iepenet yn in nij ljepblêd) fan de gemeente.
Kin immen my helpe by it ynfoljen fan it registraasjeformulier?
Jawis. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Jo kinne ek lânskomme by it Meitinkpunt fan de gemeente of rin deryn by in buert- of doarpskeamer by jo yn de buert. In meiwurker helpt jo graach.
Mear fragen en antwurden oer de feroaringen yn jo bystânsútkearing fine jo yn it dokumint Faakstelde fragen bystânsútkearing.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Ek as jo twivelje oft wat in jefte, fermogen of skuld is.
Fluch oan: