Fluch oan:

Online eagearje op de útwurke senario’s

Wy ha de resultaten út de fragelist, de ynrinbyienkomst fan novimber 2025 en de petearen mei de wurkgroep brûkt om ferskillende senario’s út te wurkjen. Dy jouwe oan wat mooglike karren betsjutte foar ferkear en de ynrjochting fan de Skrâns en it Sixmaplein. Ek wurdt ûndersocht wat de ekonomyske effekten binne. Wy binne benijd hokker kânsen en oandachtspunten jo sjogge by de senario’s.

Wêrom dit plan

Omdat de stêd yn it suden groeit, komme der hieltyd mear fytsers op de Skrâns. Tagelyk ride der in soad auto’s dy’t dêr eins net hoege te wêzen. Dat kin soargje foar mear drokte en gefaarlike situaasjes by krúspunten en de spoarwei-oergong. Ek de stoepen reitsje foller troch parkearde fysten, wêrtroch’t fuotgongers minder romte hawwe om te rinnen. De gemeente wol de Skrâns feiliger, rêstiger en nofliker meitsje. Wy sjogge nei manieren om it ferkear better yn te rjochtsjen, mei mear romte foar fytsers en fuotgongers en minder trochgeand autoferkear.

Dizze oanpak past binnen it Beliedskader Mobiliteit 2040, goedkard troch de gemeenteried yn 2024. Ynwenners fan Ljouwert koene meitinke fia fragelisten en gearkomsten. De Skrâns, it Sixmaplein, de spoarwei-oergong en it stasjonsgebiet binne wichtich yn dit plan.

Earst in takomstplan, noch gjin útfiering.

Foardat wy besluten nimme, meitsje wy earst in takomstplan. Dit neame wy in ûntwikkelprogramma. Dit plan helpt om in gebiet stap foar stap better te meitsjen. Yn ’e mande mei bewenners, ûndernimmers en oaren besjogge wy wat goed is en wat better kin. Bygelyks oer ferkear, grien, wenjen, wurkjen en hoe’t minsken troch it gebiet gean. It ûntwikkelprogramma is noch gjin plan om fuortdaliks te dwaan. It lit sjen hokker kant wy op wolle yn de takomst. De ideeën en karren dy’t wy no meitsje, wurde letter útwurke yn echte plannen en projekten.

Wat is der al bard

Jo kinne op ferskate wizen bydrage oan it takomstplan. In pear mominten hawwe der al west. Hjirnei komt der noch in byienkomst.

  • Fragelist (klear)
    • Fia in fragelist koene de minsken witte litte wat se goed fine oan de Skrâns en it Sixmaplein – en wat better kin. De fragelist is mear as 500 kear ynfuld. Wy brûke de resultaten as basis foar it ûntwikkelprogramma.
  • Wurkgroep (ôfrûne)
    • Fia de fragelist koene minsken har ek opjaan foar de wurkgroep. Der wiene mear as 100 oanmeldingen foar de wurkgroep. Ut de oanmeldingen is in groep fan likernôch 35 persoanen keazen: bewenners, ûndernimmers en besikers fan ferskillende leeftiden. Dizze wurkgroep wurdt gear mei de gemeente en it buro oan it ûntwikkelprogramma. Se hawwe al 3 kear byinoar west.
  • Ynrinbyienkomsten (ôfrûne)
    • Op moandeitejûn 10 novimber 2025 en tiisdeitejûn 14 april 2026 wiene der ynrinbyienkomsten. Op de earste jûn koene besikers lâns de ynformaasjemerk en by tematafels yn petear gean oer ferkear, de iepenbiere romte, funksjes en sfear. Op de twadde jûn koene de minsken de resultaten besjen fan de ûndersiken en reagearje op de útwurke senario’s.

Folgjende stappen

It buro Antea Group / CB5 giet nei de ynrinbyienkomst fan 14 april en mei de resultaten út de online omjouwing fierder mei it meitsjen fan it konsept ûntwikkelprogramma. Yn dit dokumint wurde noch gjin karren makke tusken senario’s.

Wol wurdt oanjûn hokker senario’s it bêste passe op grûn fan ferkearskundige analyzes, romtlike effekten en ekonomyske effekten.

Nei it konsept ûntwikkelprogramma leit it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders it ûntwerp ûntwikkelprogramma yn de rin fan 2026 op besjen. Dan kin elkenien offisjeel reagearje op de plannen troch in sjenswize yn te tsjinjen.

  • 10 oant en mei 24 april 2026
    Online senario’s besjen en reagearje
  • Foarjaar 2026
    Fierder útwurkjen konsept ûntwikkelprogramma
  • Simmer 2026
    Untwerp ûntwikkelprogramma op besjen (sjenswize mooglik)

De sjenswizen dy’t de gemeente ûntfangt wurde yn in reaksjenota beäntwurde. Dêrnei besprekt de gemeenteried it ûntwikkelprogramma. Boargemaster en wethâlders stelle it ûntwikkelprogramma fêst.

Dêrnei ûndersykje wy hokker plannen wy fierder útwurkje en hoe’t dy stap foar stap útfierd wurde kinne. Wy wolle bygelyks ek noch sjen nei it Suderplein.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.