Fergunning of boudossier ynsjen
Jo kinne boudossiers en fergunningen ynsjen. Hoe’t en wêr’t dat kin, hinget ôf fan it jiertal. Folle âldere dossiers binne digitaal makke en allinnich beskikber by it Histoarsyk Sintrum Ljouwert (HCL). Dossiers dy’t net digitaal binne, kinne jo op ôfspraak ynsjen op it gemeentehûs. Dossiers fan 2024 ôf binne allinnich digitaal beskikber.
Fergunning of boudossier ynsjen fan 2024 en letter
Dit is allinnich digitaal mooglik. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en wy soargje derfoar dat jo in link tastjoerd krije om it dossier of de fergunning te downloaden.
Fergunning of boudossier ynsjen fan fóár 2024
Op hokker wize jo dit ynsjen kinne, hinget ôf fan it jiertal en de foarige gemeente.
HCL, it Hystoarysk Sintrum Ljouwert
Stiet it jiertal fan it dossier of de fergunning yn de folgjende tabel? Dan binne dizze dossiers allinnich digitaal beskikber en moatte jo it opfreegje fia de webside fan it HCL (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo krije dêrnei in e-mail mei in link wêrmei’t jo it dossier of de fergunning downloade kinne:
| Gemeente | Boudossier | Miljeudossier | Omjouwingsfergunning | Rapporten mei heiplannen, sondearringen en fundearringen |
|---|---|---|---|---|
| Baarderadiel | 1905 – 1983 | 1916 – 1983 | ||
| Boarnsterhim | 1984 – 2010 | 1984 – 2013 | 2010 – 2013 | |
| Idaarderadiel | 1885 – 1983 | |||
| Ljouwert (gemeentesekretary) | (1839) 1858 – 1990 | |||
| Ljouwert (gemeente-arsjitekt, letter tsjinst gemeentewurken) | 1845 – 1897 | |||
| Ljouwert (tsjinst bou- en wenningtafersjoch) | 1904 – 1990 | 1917 – 1990 | ||
| Ljouwerteradiel | 1889 – 2017 | 1990 – 2010 | 2010 – 2017 | |
| Littenseradiel | 1984 – 2010 | 1984 – 2013 | 2010 – 2013 | |
| Raarderhim | 1901 – 1983 | |||
| Utingeradiel | 1904 – 1983 |
Dossiers út oare jierren
Stiet it jiertal fan it dossier of de fergunning net yn de tabel? Dan jildt it folgjende:
- Dossiers út it tiidfek 1990 oant en mei 2002
De dossiers út dit tiidfek wurde op it stuit digitalisearre en binne tydlik beheind beskikber. It kin dêrom in oantal wiken duorje oant jo de beskikbere ynformaasje krije. Wy dogge ús bêst om jo de ynformaasje sa gau mooglik digitaal ta te stjoeren. Foar ynsage yn boudossiers út dit tiidfek brûke jo it kontaktformulier (iepenet yn in nij ljepblêd). Folje dit formulier sa folslein mooglik yn en jou hjirby sa krekt mooglik oan hokker ynformaasje jo nedich hawwe.
- Dossiers út it tiidfek 2003 oant en mei 2023
Foar ynsage yn in boudossier út it tiidfek 2003 – 2023 kinne jo in ôfspraak meitsje (iepenet yn in nij ljepblêd) om dit te besjen op it gemeentehûs. Dizze dossiers binne allinnich op papier beskikber. Lit ús minimaal 5 wurkdagen yn it foar witte wat jo ynsjen wolle.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: