Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeoanfraach AED-nertwurk opsette (PDF, 144.48 KB) (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier tagelyk mei de offerte op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.

Mear hertfeiligens nedich yn jo buert

De subsydzje foar in AED is bedoeld foar as der gjin AED oanwêzich is yn de omjouwing. Op de dekkingskaart fan HartslagNu (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo in oersjoch wêr’t AED’s en boargerhelpferlieners yn jo buert binne.

Wêr kinne jo subsydzje foar oanfreegje

Jo kinne in fergoeding oanfreegje foar de kosten fan in AED, bûtenkast, reanimaasjekursus of ûnderhâld. De fergoeding is maksimaal 50% fan de kosten.

Hoefolle subsydzje kinne jo oanfreegje?

Maksimaal € 2.000,-.

Wa kin de subsydzje oanfreegje

Elkenien kin dizze subsydzje oanfreegje. Ek bedriuwen. Faak dogge ynwenners dit fanút it bestjoer fan bygelyks in wykferiening, doarpsbelang, sportklup, EHBÛ- of oare feriening.

Wat binne de betingsten

Status subsydzjeoanfraach

Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal (iepenet yn in nij ljepblêd).

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.