Fluch oan:

Nije regels fan 1 jannewaris 2026 ôf

Hawwe jo gjin paspoart of ID-bewiis fan in EU-lân (iepenet yn in nij ljepblêd)? Dan kinne jo jo allinncih ynskriuwe by de RNI-loketten yn Breda (iepenet yn in nij ljepblêd) of Venlo (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

Jo komme persoanlik del mei in:

Binne jo jonger as 16 jier? Dan nimme jo it folgjende mei:

  • Jildich en orizjineel legitimaasjebewiis.
  • Orizjinele berte-akte, opsteld yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk.
    • Is de akte yn in oare taal, dan is in oersetting nedich. Ek kin der in legalisaasje fan it dokumint nedich wêze.
  • Neist de minderjierrige moat ek op syn minst ien fan de âlden by de ynskriuwing oanwêzich wêze.

Wolle jo jo partner en/of bern ynskriuwe litte?

Ek sy moatte mei nei de ôfspraak.

Wêrom moat ik my registrearje litte?

Jo krije troch de registraasje in Boagerservicenûmer (BSN) (iepenet yn in nij ljepblêd). Dit nûmer is nedich as jo yn Nederlân wurkje wolle. Of op in oare manier mei de Nederlânske oerheid te krijen hawwe.

Wat wurdt der registrearre?

  • Namme
  • Berte
  • Geslacht
  • Ferstjerren
  • Nasjonaliteit
  • Wenadres bûten Nederlân
  • Boargerservicenûmer

Gegevens wizigje yn it bûtenlân

Wenje jo yn it bûtenlan en ferhúzje jo nei in oar adres yn it bûtenlân? Of hawwe jo in nij telefoannûmer of e-mailadres? Jou dan jo nije adres of nije kontaktgegevens troch fia adreswiziging bûtenlân (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo hawwe in DigiD nedich.

It is wichtich dat jo adres en kontaktgegevens goed binne. Sa binne jo der wis fan dat jo gjin wichtige post fan de oerheid of betellings misse.

Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan Nederland Wereldwijd. (iepenet yn in nij ljepblêd)

Gegevens wizigje yn Nederlân

Wenje jo tydlik yn Nederlân en ferhúzje jo nei in oar adres yn Nederlân? Of hawwe jo in nij telefoannûmer of e-mailadres? Jou dan jo nije adres of nije kontaktgegevens troch fia MyRNI (iepenet yn in nij ljepblêd)Jo hawwe in DigiD nedich. Jo kinne hjir ek trochjaan dat jo net langer yn Nederlân wenje of dat jo tydlik werom binne. 

It is wichtich dat jo adres en kontaktgegevens goed binne. Sa binne jo der wis fan dat jo gjin wichtige post fan de oerheid of betellings misse.

Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan DigiD as net-ynwenner fine jo op de webside Work in NL (iepenet yn in nij ljepblêd) (Nederlânsk) Work in NL (iepenet yn in nij ljepblêd) (Ingelsk).