Fluch oan:

Wenferlet yn Stiens

Yn Stiens is it wenningferlet yn de perioade oant 2031 rûsd op 170 ekstra wenningen. Dat blykt út in wenferletûndersyk dat yn 2021 holden waard. Der is de kommende jierren foaral ferlet fan iengesinswenningen. It giet hjirby om rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen en frijsteande wenningen. Der is in beheinde fraach nei keapapparteminten.

Yn de sosjale hiersektor is it winsklik om mear libbensrinbestindige wenningen mei in (lytse) tún ta te heakjen. Dit binne wenningen dy’t geskikt binne foar minsken mei in (lichte) beheining of âlderen. Dit oanbod is op it stuit net of kwealik oanwêzich yn Stiens en kin in wichtige bydrage leverje oan it ferheegjen fan de trochstreaming yn de besteande wenningfoarried.

Mear ynformaasje fine jo yn it rapport nei it wenningferlet yn Stiens (iepenet yn in nij ljepblêd) dat útfierd is troch Companen, in advysburo foar wenningmerk en leefomjouwing.

Utwreiding fan Steenslân

Wy wolle yn it nije gebiet romte biede oan

  • Wenjen foar elkenien
  • Bioferskaat
  • Grien
  • Rekreaasje (kuierpaden, fytsrûte)
  • Wetter

Ambysjes fan de gemeente Ljouwert en Pleatslik Belang Stiens

Wy hawwe de winsk om hjir in moai leefgebiet te ûntwikkeljen:

  • It wurdt net allinnich in nij wengebiet, wy hawwe de ambysje om in gebiet te ûntwikkeljen dat foar alle Stienzers oantreklik is om te ferbliuwen en elkoar te moetsjen.
  • In útnûgjend iepenbier gebiet mei grien dat in goede oergong foarmet mei it lânskip yn de omjouwing fan Stiens.
  • Der is romte foar alle doelgroepen yn Stiens.
  • Kaartsje fan Steenslân 2 (PDF, 7,23 MB) (iepenet yn in nij ljepblêd)

Stêdeboukundich plan

It stêdeboukundich plan Steenslân II is op 6 desimber troch de gemeenteried fêststeld. It stêdeboukundich plan (iepenet yn in nij ljepblêd) jout in dúdlik byld fan wêr’t ûnder mear wenningen, diken, grien en wetter komme. Foardat it plan fêststeld waard, koene ynwenners en organisaasjes reagearje op it ûntwerp-stêdeboukundich plan. Nei oanlieding fan dy reaksjes is it ûntwerp op inkele punten oanpast.

De belangrykste wizigingen tusken it ûntwerp en it definitive plan binne:

  • der komme 5 sosjale hierwenningen ekstra;
  • oant it wetter komme allinnich keapwenningen (gjin hier);
  • der komt in fyts- en rinbrêge by it Mierepaad, sadat de kuierrûte ek foar minderfaliden tagonklik is;
  • der wurde libbensrinbestindige wenningen boud.

Partisipaasjewurkgroep

15 ynwenners fan Stiens foarmen in partisipaasjewurkgroep. Sy fertsjintwurdigje in trochsneed fan de befolking fan Stiens en direkt oanwenjenden.

Konsept-ûntwerp

Uteinlik is der in konsept-ûntwerp ûntstien dat de wurkgroep oan de doarpsbewenners presintearre hat. Dat plan waard troch in soad ynwenners goed ûntfongen. It levere entûsjaste reaksjes op. Alle tips en opmerkingen waarden dêrnei nochris yn de plannen ferwurke. Sa ûntstie in folslein plan dat foarlein is oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried.

Op dizze wize is der troch alle partijen mienskiplik in plan ûntwikkele. In wurkwize dêr’t wethâlder Hein de Haan, sels oanwêzich by 1 fan de partisipaasjesesjes, tige bliid mei is. Ek de wurkgroep is entûsjast oer de wurkwize.

Planning

De gemeente riedt de wurksumheden stap foar stap ta.

  • Tredde fearnsjier 2026: Wy freegje fergunningen oan by it Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Dy fergunningen binne nedich om wettergongen te graven. It oanfreegjen fan de fergunningen duorret ûngefear 6 moannen.
  • Earste en twadde fearnsjier 2027: Wy riede it ferstevigjen fan de boaiem ta. Dêrfoar lizze wy tydlik sân op ’e grûn. Sa krijt de boaiem de tiid om steviger te wurden. Dat is nedich om letter diken oan te lizzen.
  • Fjirde fearnsjier 2027: As de boaiem stevich genôch is, lizze wy in tydlike boudyk oan. Fia dy dyk kinne masines en frachtweinen it gebiet berikke. Ek meitsje wy it gebiet klear foar de bou. Wy lizze bygelyks kabels, liedingen en riolearring oan.
  • Tredde en fjirde fearnsjier 2027: Wy ferwachtsje útein te setten mei de ferkeap fan frije kavels, kavels foar sosjale hierwenningen en kavels foar projektmjittige bou.

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

Op 25 septimber 2024 hat de gemeenteried it bestimmingsplan en it byldkwaliteitsplan fêststeld. It bestimmingsplan is definityf wurden nei’t de Ried fan Steat it berop ûnbegrûne ferklearre hat.

Bestimmingsplan

It bestimmingsplan fan Steenslân II makket de realisaasje fan in wenwyk mei 105 wenningen yn Stiens mooglik. De nije wenwyk bestiet út in mjuks fan sosjale hierwenningen, (keap)rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen, frijsteande wenningen, arken en apparteminten. De bebouwing ken in doarpske útstrieling mei fariaasje yn wenningtypen en bouhichten en ferspringende roailinen. Platte dakken binne net tastien.

De wenningen komme yn in griene en wetterike omjouwing. It plan is rom opset en ken in lege bebouwingstichtheid. It plan foarmet de natuerlike ôfrûning fan it doarp Stiens en wurdt omseame troch in soad grien.

Mear ynformaasje fine jo yn it Untwerp bestimmingsplan (iepenet yn in nij ljepblêd).

Untwerp byldkwaliteitsplan mei wolstânsrjochtlingen

Hoe komme de huzen derút te sjen? Wat wurdt it materiaal of wat wurde de kleuren? Hoe sjogge de hiemôfskiedingen derút? Dat stiet allegear yn it ûntwerp byldkwaliteitsplan. Dit binne de saneamde wolstânsrjochtlingen. Dus wêr’t in gebou oan foldwaan moat. Hjir stiet ûnder mear yn foar hokker gevels nêstfoarsjennings foar fûgels of flearmûzen komme moatte. Takomstige bou-oanfragen wurde op grûn fan dizze rjochtlingen toetst.

Mear ynformaasje fine jo yn it Fêststelde byldkwaliteitsplan. (iepenet yn in nij ljepblêd)

Bioferskaat

Wy wolle safolle mooglik romte jaan oan de natuer, ek om ús wenten hinne. Foar Steenslân II binne der doelsoartkaarten makke. Dit binne kaarten mei de easken dy’t in diersoarte oan syn omjouwing stelt. Doel is dat soarten dy’t al yn de buert libje, in plak yn de wyk fine kinne. Foar Steenslân II binne der 5 doelsoarten, dêrûnder ek de otter. De doelsoartkaarten wurde ferwurke yn it ynrjochtingsplan en it bestek foar it bouryp en wenryp meitsjen. De doelsoarten binne: otter, hoarnûle, iisfûgel, bûnt sâneachje, gewoane dwerchflearmûs.

Boumaterialen ferbouwe

De gemeente Ljouwert hat natuerlike boumaterialen ferboud op it plak dêr’t de nije wyk Steenslân II komt. Dy materialen wurde letter brûkt as isolaasjemateriaal by de bou fan de wenningen. Sa wurdt der op in duorsume manier boud.

Beskikberheid kavels en wenningen

Der binne noch gjin boukavels, keapwenningen, keapapparteminten of sosjale hierwenningen beskikber. Sadree’t bekend is wannear’t dy beskikber komme en hoe’t jo hjirfoar jo ynteresse kenber meitsje kinne of ynskriuwe kinne, wurdt dat hjir oanjûn.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer it projekt Steenslân II? Kinne jo de dokuminten net goed lêze? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei steenslan@leeuwarden.nl.