WOZ-wearde
De wurdearring ûnreplike saken (WOZ) is de wearde fan in objekt. Dit is in ‘wenning’ of ‘net-wenning’. In ‘net-wenning’ is bygelyks in bedriuw, winkel, kantoar, of in stik grûn. De WOZ-wearde fan jo objekt bepaalt hoefolle oft jo oan de gemeente betelje foar de ûnreplikesaakbelesting (OZB) en de rioelheffing.
Net iens mei de WOZ-wearde
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.
WOZ-wearde ynsjen
Eltsenien mei de WOZ-wearde fan wenningen ynsjen fia it WOZ-weardeloket.
Ferskil tusken weardepeildatum en tastânspeildatum
Foar de WOZ-wearde geane wy út fan de wearde dy’t jo objekt hie op 1 jannewaris fan it foarige jier. Dat hjit de weardepeildatum. Is der nei de weardepeildatum wat oan jo objekt feroare? Bygelyks (nij)bou, ferbou, in oare bestimming of sloop. Is dêrtroch de wearde mear as minder wurden? Dan sjogge wy foar de WOZ-wearde nei de steat (tastân) fan it objekt op 1 jannewaris fan dit jier. Dat hjit de tastânspeildatum.
WOZ-wearde wenningen
WOZ-wearde
It is mooglik dat de WOZ-wearde fan jo wenning dit jier heger is as ferline jier. Neffens de wet WOZ moatte wy sjen nei de wearde fan jo hûs op 1 jannewaris fan it foarige jier (weardepeildatum). As ferkeapsifers fan fergelykbere wenningen om 1 jannewaris foarich jier hinne heger binne as fergelykbere ferkeapsifers fan in jier earder, dan stiicht de WOZ-wearde.
De wearde fan dit jier kin dus oars wêze as de wearde fan ferline jier. De Waarderingskamer kontrolearret oft de gemeente de wearde fan in objekt op de goede manier fêststelt.
Fergelykje mei fergelykbere wenningen
Foar de WOZ-wearde fan wenningen geane wy út fan de merkwearde op 1 jannewaris fan it foarige jier. Om dy wearde te bepalen, sjogge wy nei de ferkeapprizen fan deselde soarte wenningen dy’t om 1 jannewaris it foarige jier hinne ferkocht binne. Hâld der rekkening mei dat gjin inkele wenning presys itselde is. Ferskillen yn grutte, ûnderhâld, lizzing of bygebouwen ferwurkje wy yn de taksaasje.
Wurdearje op oerflak
Sûnt 2022 binne gemeente ferplicht om foar de WOZ-wearde fan wenningen út te gean fan it gebrûksoerflak (GBO). Foarhinne bepaalden wy de WOZ-wearde op grûn fan de ynhâld fan de wenning. Jo kinne de GBO fan jo wenning yn it taksaasjeferslach besjen.
Wurdearje mei eigen ferkeapsifer
Hat de wenning in eigen ferkeapsifer? Wy kinne de merkwearde dan presizer bepale. Miskien dat de WOZ-wearde justjes heger of leger wurdt as de ferkeappriis. Bygelyks as de huzeprizen tusken de ferkeapdatum en de weardepeildatum omheech om omleech gien binne.
Ferantwurdingsdokumint WOZ
Jo WOZ-wearde. Wêr komt dy eins wei? In soad minsken freegje har dat ôf. Dat is logysk, want jo WOZ-wearde is belangryk foar ferskillende belestingen en jout in byld fan de wearde fan jo wenning. Elk jier bepale wy de WOZ-wearde fan jo wenning.
Achter de WOZ-wearde sit in soarchfâldich en dúdlik proses, basearre op feiten, berekkeningen en meardere kontrôles. Dizze wearde brûke wy foar ferskillende belestingen. Earst sammelje wy gegevens oer jo wenning, lykas:
- de grutte fan jo wenning en eventuele bygebouwen;
- it type wenning (bygelyks frijsteand, tuskenwenning of appartemint);
- de lizzing;
- de kwaliteit en it ûnderhâld;
- resinte ferkeapprizen fan fergelykbere wenningen yn jo buert.
Dizze ynformaasje foarmet de basis foar de weardebepaling. Yn it dokumint Ferantwurdingsdokumint WOZ fine jo mear ynformaasje oer hoe’t wy de WOZ-wearde fêststeld hawwe.
WOZ-wearde net-wenningen
Meastal geane wy út fan de merkwearde. Wy sjogge dan nei de hierpriis per fjouwerkante meter. Dy hierpriis dogge wy kear it bruto flieroerflak en kear in saneamde ‘kapitalisaasjefaktor’. Mei de kapitalisaasjefaktor rekkenje wy de hierpriis per jier om nei in wearde. By de weardebepaling fan in net-wenning hâlde wy rekken mei bygelyks it plak, de bouwize en hoe goed it ûnderhâlden is.
WOZ-wearde nijbouobjekten
Is jo objekt noch yn oanbou en wurdt it yn ’e rin fan it jier oplevere? Dan bepale wy de wearde fan it objekt nei de tastân op 1 jannewaris fan it folgjende jier. Dêrtroch wurdearje wy dit objekt yn it folgjende jier as ôfboud projekt. En net mear as objekt yn oanbou.
Hierders en WOZ
Jo krije in ‘hierdersbeskikking WOZ’. Dêr stiet yn wat de WOZ-wearde is fan de wenning dy’t jo hiere. De WOZ-wearde fan jo hierwenning bepaalt foar in part hoefolle hier oft jo betelje. As jo in sosjale hierwenning hawwe, kin de WOZ-wearde ynfloed hawwe op de maksimale hierpriis.
Mear ynformaasje oer de maksimale hierpriis fine jo op de webside fan de Rijksoverheid.
Hawwe jo gjin hierdersbeskikking krigen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wa brûke de WOZ-wearde noch mear?
De Belestingtsjinst en it Wetterskip brûke de WOZ-wearde ek foar de oanslaggen dy’t jo fan harren krije.
Belestingoanjefte
Op de oanslach gemeentlike heffingen stiet foar hokker belestingjier de WOZ-wearde jildt. By jo belestingoanjefte brûke jo de WOZ-wearde fan it jier dêr’t jo oanjefte oer dogge.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten en regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):
- Wet wurdearring ûnreplike saken
- Gemeentewet
- Algemiene wet bestjoersrjocht
Fluch oan: