Fluch oan:

Wa betellet hokker part?

De OZB bestiet út in eigenersdiel en in brûkersdiel.

  • As jo eigener en brûker binne fan in net-wenning, betelje jo beide dielen.
  • As jo allinnich de brûker of allinnich de eigener binne, betelje jo allinnich jo eigen diel.
  • Foar in wenning betellet allinnich de eigener OZB.

Wat bart der by ferkeap of ferhuzing?

By in net-wenning

Ferlitte jo as brûker de net-wenning yn de rin fan it belestingjier? Dan betelje jo dochs foar it hiele jier OZB oan de gemeente.

By in wenning

Wienen jo op 1 jannewaris eigener fan de wenning? Dan betelje jo it hiele eigenersdiel fan de OZB. De notaris ferrekkenet it part foar de perioade dat jo gjin eigener mear binne. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan de datum fan de ferkeap.

Foar notarissen: saaklike lêsten opfreegje

Gean nei de webside ‘WOZ-waardeloket’. Jo fine hjir daliks antwurd op jo fraach. Dit giet flugger dan in oanfraach yntsjinje fia de gemeente Ljouwert.

Hoe de OZB betelje?

Jo kinne de OZB op ferskate wizen betelje:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
  • Jo freegje in betellingsregeling oan.
  • Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
    • Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343.
    • Op namme fan: Gemeente Ljouwert.
    • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.

Net iens mei de OZB

Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje.

Kosten

Hoefolle OZB oft jo betelje, hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo objekt. De OZB is nammentlik in persintaazje fan de WOZ-wearde.

Unreplikesaakbelestingen eigener

  • As % fan de WOZ-wearde wenning 0,11048%.
  • As % fan de WOZ-wearde net-wenning 0,49046%.

Unreplikesaakbelesting brûker

  • As % fan de WOZ-wearde net-wenning 0,39236%.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Wet wurdearring ûnreplike saken
  • Gemeentewet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering Unreplikesaakbelestingen Ljouwert

Mear ynformaasje oer de Wet WOZ kinne jo fine op de webside fan de ‘Waarderingskamer’.