Fluch oan:

Heldedei

As Global Goals Gemeente lit Ljouwert sjen dat sy dy doelen heech yn it findel hat en dêr in aktive bydrage oan leverje wol. Mar dy bydrage, dy leveret de gemeente net allinnich. Dat dogge wy yn ’e mande mei alle ynwenners, bedriuwen en organisaasjes yn ’e stêd en doarpen. Dêrom organisearret de gemeente Heldedei. Op dizze dei earje wy minsken, inisjativen of organisaasjes dy’t harren alle dagen ynsette foar in duorsumere wrâld en dêrmei it berikken fan de Globals Goals tichter by bringe.

Nominearje jo held

Wa fertsjinnet neffens jo de titel Held fan 2026? De gemeente Ljouwert nûget alle ynwenners út om ynspirearjende persoanen, organisaasjes en inisjativen foar te dragen dy’t harren ynsette foar in duorsumere en earlikere wrâld. Oft it no giet om earmoedbestriding, skjinne enerzjy, better ûnderwiis, gendergelikens, biodiversiteit of in oar maatskiplik doel: eltse bydrage telt. Meld jo Held oan fia: heldendag@leeuwarden.nl.

De helden fan 2025

De helden fan 2024

  • Yn ‘e Sinne Farm
  • Judith Meurs
  • Sta Op voor Kinderen
  • MOES

De helden fan 2023

De helden fan 2022

De helden fan 2021

De helden fan 2020

De helden fan 2019

Wat dogge wy al?

  • It kolleezjeprogramma fan de gemeente Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd) giet út fan de Global Goals. Bygelyks troch te beloven dat wy ús ynsette foar:
    • ynklusyf ûnderwiis
    • fermindering fan sosjale en ekonomyske ûngelikens
    • beskerming fan ekosystemen
  • Oare beliedsstikken geane safolle mooglik út fan de Global Goals.
  • Wy wurkje gear mei maatskiplike organisaasjes, boargerinisjativen, kennisynstellingen, ûnderwiisynstellingen en bedriuwen. Dat is al goed te sjen op ferskillende kampussen.
  • Wy binne de iennichste Nederlânske gemeente dy’t dielnimt oan it UN Global Compact Network.
  • Studinten fan de RUG/Campus Fryslân ûndersykje hoe serieus at wy dwaande binne mei de Global Goals.
  • Sûnt 2017 hawwe wy de titel Fairtrade Gemeente. Yn ’e mande mei belutsen ynwenners (frijwilligers) en ûndernimmers wolle wy earlike hannel en duorsum gebrûk oanmoedigje. Wy dogge mei oan de lanlike kampanje fan Stichting Fairtrade Gemeenten. Gean foar mear ynformaasje nei de webside Fairtrade Gemeente Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd).

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.