Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal yntsjinje?

Skriuw in brief en stjoer dy op of leverje dy yn by it gemeentehûs. Neam it folgjende yn jo brief:

  • Underwerp ‘Wet wergebrûk fan oerheidsynformaasje’.
  • Hokker iepenbiere ynformaasje jo werbrûke wolle.
  • Jo namme, adres en wenplak.
  • As jo wolle jo e-mailadres en telefoannûmer. Dat brûke wy as wy mear fragen hawwe oer jo oanfraach.

Oanfreegje fia e-mail mei net

Oanfragen fia e-mail wurde dan ek net yn behanneling nommen.

Wannear ûntfang ik de ynformaasje?

Binnen 4 wiken nei’t wy jo oanfraach ûntfongen hawwe. De perioade fan 4 wiken kin 1 kear mei maksimaal 2 wiken útsteld wurde.

Utsûnderingen

Bygelyks as wy mear gegevens fan jo of immen oars nedich hawwe om jo oanfraach ôf te hanneljen.

Kosten

Jo betelje in lyts bedrach. De krekte kosten fine jo op Overheid.nl (iepenet yn in nij ljepblêd) (Beslút tariven Wet wergebrûk fan oerheidsynformaasje gemeente Ljouwert).

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Beslút tariven Wet wergebrûk fan oerheidsynformaasje gemeente Ljouwert.
  • Regeling elektroanysk bestjoerlik ferkear gemeente Ljouwert.