Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it oanfraachformulier neidielkompensaasje en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear oanfreegje?

Jo kinne neidielkompensaasje oanfreegje as bygelyks:

  • Jo romtlike situaasje is feroare troch in beslút op grûn fan de Omjouwingswet.
  • In dyk ekstra lang ôfsletten wurdt.
  • Der boud wurdt oan in ûndergrûnske parkeargaraazje.

Binnen hokker termyn

Jo moatte jo oanfraach binnen fiif jier nei it beslút of wurk dat skea feroarsaakje kin, yntsjinje.

Nei de oanfraach kin it in jier duorje ear’t jo antwurd krije.

Ferrekenjen mei kompensaasje dy’t jo earder krigen hawwe

Hawwe jo earder op in oare wize kompensaasje fan it neidiel krigen, bygelyks troch keap, ûnteigening of fersekering of bydrage fan de ferhierder? Dan kinne jo net ek noch fan ’e gemeente in fergoeding krije. By gedeeltlike kompensaasje ferrekkenet de gemeente dy bedraggen yn de berekkening fan jo neidielkompensaasje.

 

Foar besluten en wurksumheden fóár 1 jannewaris 2024 jilde de âlde regels. De oanfraach wurdt automatysk beoardiele neffens dizze regels en jo krije dêr berjocht oer.

Kosten

€ 500,-. Jo krije dit bedrach werom as der in fergoeding betelle wurdt.

Beswier

  • Binne jo it net iens mei it beslút op jo oanfraach?
    Dan kinne jo beswier meitsje.
  • Binne jo it net iens mei de útspraak op jo beswier?
    Dan kinne jo berop oantekenje by de rjochtbank.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Titel 4.3 en 4.5 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht
  • Ofdieling 15.1 fan de Omjouwingswet.

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene Neidielkompensaasjeferoardering gemeente Ljouwert.
  • Beliedsregel neidielkompensaasje hearrend by de Feroardering neidielkompensaasje Ljouwert.