Fluch oan:

Ynkeapjen fan ûndersteuning mei in PGB

Om ûndersteuning mei in PGB ynkeapje te kinnen moatte jo foldwaan oan in oantal betingsten. Alderearst moatte jo yn oanmerking komme foar in maatwurkfoarsjenning fanút de Wmo of Jeugdwet.  Dêrneist is it belangryk dat jo bewust kieze foar in PGB en PGB-feardich binne. De 10 punten PGB feardigens helpe jo om nei te gean oft jo sels ûndersteuning mei in PGB ynkeapje kinne. De soarch dy’t jo ynkeapje moatte feilich, doeltreffend en persoansrjochte wêze.  Wolle jo formele ûndersteuning ynkeapje mei in PGB? Dan moat de soarchoanbieder dy’t jo kieze by de gemeente registrearre stean as formele soarchoanbieder.

Registraasje soarchoanbieder foar formele ûndersteuning

Foardat in soarchoanbieder formele ûndersteuning biede kin, beoardielet de gemeente oft de soarchoanbieder foldocht oan de (kwaliteits)easken. De soarchoanbieder moat him dêrfoar earst by de gemeente registrearje litte as formele ûndersteuner. Yn it dokumint Ynformaasje registraasje soarchoanbieders fine jo mear ynformaasje oer dizze registraasje. Ien fan de kwaliteitseasken is dat de soarchoanbieder oantoane kin dat hy beskikt oer de kennis en feardichheden dy’t nedich binne foar it bieden fan de ûndersteuning. Dit kin mei in by de ûndersteuning passend diploma of in ûnderfiningssertifikaat.

Wa is de budzjetbehearder?

De persoan dy’t de ûndersteuning krijt neame wy de budzjethâlder. De budzjetbehearder is de persoan dy’t (ein- of mei)ferantwurdlik is foar it útfieren fan de taken dy’t hearre by in PGB. Dit kinne jo as budzjethâlder sels wêze. Slagget it net om alle PGB-taken sels út te fieren? Dan kinne jo immen oars as fertsjintwurdiger freegje it budzjetbehear foar jo te dwaan. In budzjetbehearder moat him hâlde oan de PGB=regels fan de gemeente. Foar in oersjoch fan dizze regels kinne jo by jo kontaktpersoan fan de gemeente of Amaryllis freegje nei ús PGB-ynformaasjefolder.

PGB en belesting

Jo krije soarch fanút in PGB

It PGB wurdt yn dit gefal net sjoen as ynkommen. Jo krije it PGB as budzjethâlder en betelje hjir gjin ynkomstebelesting oer.

Jo ferliene soarch fanút in PGB

It PGB wurdt yn dit gefal sjoen as ynkommen. Jo krije it PGB as soachferlienerr en betelje hjir ynkomstebelesting oer. Dat jildt ek as jo soarch ferliene oan in famyljelid of immen út jo sosjaal netwurk.

Mear ynformaasje oer PGB en belesting kinne jo fine op de webside fan de Belestingtsjinst.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Foar mear ynformaasje oer ûndersteuning út de Wmo wei, kinne jo ek lânsgean by de Buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.