Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Download it formulier suggestje foar in strjitnamme (PDF, 121,12 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs. Jo idee of suggestje foar in namme foar in nije strjitte wurdt trochjûn oan de sekretaris fan de kommisje nammejouwing. Dizze kommisje komt yn trochsneed 3 kear jiers byinoar.

Wêr moatte jo rekken mei hâlde?

By it jaan fan nammen moatte jo rekken hâlde mei

  • De praktyske útfierberheid fan nammen.
  • De automatisearre ferwurking.
  • De systematyk, dy’t liede moatte soe ta in unifoarme útfiering fan de nammejouwing (ûnder oare troch gebrûk fan foarletters, foarnammen, titels ensfh. sa folle mooglik te beheinen).

Utgongspunten by ferneaming fan persoanen

Noch libjende persoanen wurde net ferneamd. Leden fan it Keninklik Hûs foarmje in útsûndering. De persoanen dy’t ferneamd wurde, binne meastal langere tiid ferstoarn. De VNG advisearret hjiryn in perioade fan 10 jier oan te hâlden. Yn alle gefallen moat tefoaren kommen wurde dat je je liede litte troch emoasjes op it stuit dat immen krekt stoarn is.

Utgongspunten by it gebrûk fan tema’s

Wannear’t der in nije buert of wyk foarme wurdt, brûke wy 1 tema foar de nammejouwing yn dizze buert of wyk. Hjirtroch foarmje de strjitnammen in gearhing dy’t werkenberens jout. It is fan belang om in tema te kiezen mei foldwaande kar foar it tal strjitten yn de buert/wyk.

Fierdere oandachtspunten

  • Koarte strjitnammen hawwe de foarkar.
  • It gebrûk fan taheakkingen as straat, strjitte, weg, wei, leane, plein, dyk ensfh. moat yn oerienstimming wêze mei de feitlike situaasje.
  • Oantsjuttingen as Earste, Twadde, Ferlingde, Westkant, Súdkant ensfh binne net-winske. Lykas nammen dêr’t getallen yn foarkomme.
  • Nammen dêr’t foarnammen, foarletters, titels ensfh. oan taheakke binne, moatte mijd wurde.
  • Yn elkoars ferlingde lizzende strjitten, dy’t it karakter fan 1 strjitte hawwe, krije deselde namme, wylst lykwidich oan in dyk rinnende fyts-, fuotpaden en fintwegen deselde namme as de haaddyk krije.
  • Gjin nije nammen dy’t betizing jaan kinne mei besteande nammen.
  • It gebrûk fan bûtenlânske nammen moat gjin swierrichheden opleverje by útspraak en/of skriuwwize, en mei gjin oanlieding jaan ta klamferoaring of ‘fernederlânsking’.
  • Nije nammen yn de bûtenwiken, bûtengebieten en doarpen wurde by foarkar yn de Fryske taal jûn.
  • Oangeande de nammejouwing fan wiken en buerten:
    • De relaasje mei de nammejouwing fan strjitten.
    • Kultuerhistoaryske eftergrûnen.
    • Maatskiplike ûntjouwingen.
    • Logyske gearhing mei al besteande nammen.
    • Akseptaasje (sprekt de nammejouwing de befolking oan).
  • By de folgjende redenen kin it Kolleezje oergean ta beneamen fan fytstunnels:
    • Yn it gefal in ûndúdlike situaasje ta fertraging fan helpferliening yn needgefallen liede kin.
    • As der út de helptsjinsten wei in fraach komt ta beneaming om reden fan feiligens en oriïntaasje.
    • As der út de wyk- of belange-organisaasje wei in fraach ta beneaming steld wurdt.
  • Oangeande it beneamen fan ûndertrochgongen (sloeperûte/dûkers) weromhâldendheid betrachtsje. It wetter fan in ûndertrochgong is meastentiids beneamd.

Strjitnammeregister

Alle strjitnammen fan de wiken en doarpen yn de gemeente Ljouwert steane yn it strjitnammeregister. Dit register is bywurke oant july 2022. Mear ynformaasje oer de ferklearring fan strjitnammen út it boek fan Henk Oly fine jo op de website fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

 

Publikaasjes, bekendmakkingen en lokale regeljouwing

Fia de side Publikaasjes, bekendmakkingen en lokale regeljouwing kinne jo opsykje hokker nije nammen koartlyn jûn binne oan strjitten, wiken, buerten, brêgen, fiadukten en oare objekten yn de iepenbiere romte.

 

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Wet basisregistraasjes adressen en gebouwen

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Gemeentewet
  • Feroardering nammejouwing en nûmering (adressen) Ljouwert 2018
  • Neiere regels op grûn fan de Feroardering nammejouwing en nûmering (adressen) Ljouwert 2018