Fluch oan:

Hûs oan Hûs ynsjen

Yn it wykblêd Hûs oan Hûs-wykblêd stean de Oansizzingen fan de gemeente Ljouwert. Bygelyks berjochten oer fergunningen dy’t oanfrege en ferliend binne.

Hûs oan Hûs net krigen?

Jo kinne de Hûs oan Hûs-krante noch op ferskate oare wizen lêze:

Wet- en regeljouwing ynsjen

Fia de webside Overheid.nl (officiële bekendmakingen) bliuwe jo op ’e hichte fan de lokale regeljouwing en ûntwikkelingen. Bygelyks ynformaasje oer lokale feroarderingen, besluten en oansizzingen fan de gemeente Ljouwert.

Ek fine jo ynformaasje oer besluten, regeljouwing, foarskriften en oare juridyske saken. Fan de gemeente Ljouwert, mar ek fan de provinsje of fan hiel Nederlân.

Op ’e hichte bliuwe fan berjochten yn jo buert?

Dit kin op de folgjende manieren:

Fia de app Leeuwarden Omgevingsalert

  • Download de app Leeuwarden OmgevingsAlert.
  • Kies in lokaasje.
  • Stel in striel yn. Bygelyks: alle meldingen binnen in striel fan 500 meter.
  • Kies hokker meldingen jo graach ûntfange wolle.
  • Sjoch hokker oansizzingen der binne.
  • Jo krije in melding yn ’e app as der nije oansizzingen binne.

‘Berjochten oer jo buert’ krije fan Overheid.nl

Elke ynwenner fan 25 jier en âlder krijt elke wike in e-mail mei it ûnderwerp ‘Berjochten oer jo buert’. Dizze e-mail komt fan Overheid.nl en giet oer bekendmakkingen by jo yn ’e buert. Bygelyks oer oanfrege en ferliende fergunningen, wurksumheden en ynformaasjebyienkomsten by jo yn ’e buert.

Wolle jo dizze e-mail net mear krije?

Gean nei MijnOverheid.nl en meld jo ôf.
Krije jo dizze e-mail noch net, mar wolle jo dy wol?

  • Gean nei de mailservice fan Overheid.nl.
  • Folje jo postkoade en hûsnûmer in.
  • Kies hokker ynformaasje jo graach ûntfange wolle.
  • Folje yn binnen hokker striel fan dit adres jo meldingen ûnfange wolle.
  • Jou oan fan hokker ynstânsjes jo oansizzingen ûntfange wolle.
  • Kontrolearje jo gegevens en meld jo oan.

Sintraal register foar mienskiplike regelingen

Mienskiplike regelingen binne gearwurkingen tusken ferskate oerheden. Bygelyks: gemeenten, provinsjes en wetterskippen. Jo kinne it sintrale register digitaal ynsjen.

Fragen of help nedich?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.