Fluch oan:

Wat is de Omjouwingsfyzje

De Omjouwingsfyzje is it takomstplan foar alles dat jo om jo hinne sjogge: fan wenjen oant ferkear en fan boartsjen oant ûndernimmen. De gemeente set it dokumint yn as helpmiddel by it meitsjen fan goede karren. Want wat dogge wy as der mear minsken in wenning nedich hawwe as dat der besikber binne? Wy romte nedich hawwe foar skjinne enerzjy én wy tagelyk mear grien hawwe wolle? Yn de Omjouwingsfyzje lizze wy fêst hoe’t wy de beheinde romte yn de stêd, doarpen en it bûtengebiet brûke. No en yn de takomst.

Utnûging Omjouwingskafee meld dy oan foar 17 septimber.

Ekonomy en wearde steane sintraal by it tredde Omjouwingskafee oer de Nije Omjouwingsfyzje fan Ljouwert. Wy geane yn petear oer brede wolfeart. Dêrby sjogge wy net allinnich nei ekonomyske groei. Ek sûnens, duorsumens, foarsjennings en in noflike leefomjouwing binne wichtich foar in goede takomst. Foar ússels én foar takomstige generaasjes. Dr. Wouter Marchand fan Planbureau Fryslân sil op de gearkomste mear fertelle oer brede wolfeart. Dêrnei geane wy yn petear oer de takomst van Ljouwert. Elk dy’t hjiroer meitinke wol, is fan herten wolkom.

 

Datum: tongersdei 17 septimber 2026
Tiid: 19.30 – 21.30 oere
Lokaasje: Wyksintrum Heechterp, Egelantierstrjitte 5, 8924 EJ Ljouwert

Dielname is fergees. Graach yn it foar oanmelde (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wêrom in nije fyzje

Us aktuele Omjouwintsfyzje is in pear jier âld. Mei de tiid feroarje de omjouwing en de ferletten, en gauris komme der nije regels by. Wy hawwe te krijen mei grutte fraachstikken lykas wenningbou, klimaat, enerzjy, natuer en it ferbetterjen fan wiken en doarpen.

De âlde fyzje slút net mear goed oan by dizze ûntwikkelingen. Dêrom meitsje wy in nije Omjouwingsfyzje: in takomstplan dat past by de útdagings fan no én dat rjochting jout oan karren dy’t wy meitsje oant 2050.

Wolle jo mear witte oer it hjoeddeistige belied en de plannen? Gean nei de side Omjouwingsfyzje.

Sa tinke ynwenners oer de takomst

Wy wolle mear wenningen, grien, duorsume enerzjy en noflike plakken om te libjen. Mar de romte yn ús gemeente is beheind. Dêrom meitsje wy in nije Omjouwingsfyzje. Dêr stiet yn hoe’t wy de romte brûke sille. It ôfrûne healjier hawwe ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes aktyf meitocht oer de takomst fan ’e stêd, de doarpen en buerten. Lês yn de ferslaggen hjirûnder wat de Ljouwerters wichtich fine foar harren gemeente.

Ferfolch

Op it stuit ferwurket de gemeente Ljouwert de resultaten fan it partisipaasjeproses yn de nije omjouwingsfyzje. De omjouwingsfyzje sil begin 2027 klear wêze. Dan is der romte foar reaksjes. Hjiroer folgjet noch berjocht.

De planning

  • Febrewaris oant en mei maaie: yn petear oer de Omjouwingsfyzje.
  • Juny oant en mei oktober: skriuwen en oanskerpjen Omjouwingsfyzje.
  • Begjin 2027: publisearjen ûntwerp-Omjouwingsfyzje mei romte foar reaksje.
  • April/maaie 2027: fêststellen nije Omjouwingsfyzje troch de gemeenteried.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.