Fluch oan:

Wat stiet der yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP)?

  • Ynformaasje oer jo identiteit:
    • namme
    • geslacht
    • boargerservicenûmer
    • bertedatum, berteplak en bertelân
    • Ynformaasje oer jo adres.
  • Gegevens oer in eventueel houlik of registrearre partnerskip.
  • Jo nasjonaliteit.
  • Ynformaasje oer âlden en eventuele bern.
  • Ynformaasje oer paspoart en identiteitskaart dy’t jo hawwe of hân hawwe.

Kloppe jo persoansgegevens net?

Skriuw in brief en leverje dy yn by de ôfdieling Boargersaken op it gemeentehûs. Ek as jo bygelyks fan geslacht feroare binne of adoptearre binne. Dêrby is dit wichtich:

  • Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
  • Skriuw yn jo brief hokker persoansgegevens ferkeard binne en wat, neffens jo, de goede gegevens binne.
  • Yn de brief moat ek stean: jo namme, bertedatum, de datum fan dy dei en jo hantekening.
  • Nim in bewiis mei de goede gegevens mei. Bygelyks in berte-akte. In bûtenlânske akte is faak net foldwaande. Meastal binne dêrby ekstra stimpels nedich, of in oersetting fan de akte.
  • Wolle jo in bûtenlânske akte meinimme? Nim earst kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

As de gemeente it iens is mei de feroaring, wurde jo gegevens feroare yn de Basisregistraasje Persoanen.

Kinne of wolle jo net lânskomme op it Gemeentehûs?

Stjoer jo brief dan op nei de gemeente Ljouwert. Ferstjoer gjin orizjinele akten mei de post. Leverje orizjinele akten yn by de ôfdieling Boargersaken op it gemeentehûs.

Kinne of wolle jo jo gegevens net digitaal ynsjen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.