Ferhaalsbydrage
Krijt jo eks-partner in bystânsútkearing? Of jo jong-mearderjierrige bern? Dan ûndersiket de gemeente oft jo bydrage kinne oan it libbensûnderhâld fan jo eks-partner en bern. It bedrach dat jo dan betelje moatte, hjit ‘ferhaalsbydrage’.
Wêrom freegje wy in ferhaalsbydrage?
Minsken krije allinnich in bystânsútkearing wannear’t se net genôch jild hawwe om de kosten fan harren libbensûnderhâld te beteljen. Dit binne kosten as bygelyks iten, drinken, klean, hier, gas, wetter, ljocht, soarchfersekering en stúdzjekosten fan bern.
Trouden en registrearre partners binne neffens de wet ferplicht inoar te ûnderhâlden. Dat hjit ‘ûnderhâldsplicht’. Nei in skieding bliuwt dy ûnderhâldsplicht bestean. De ûnderhâldsplicht fan âlden jildt ek foar erkende bern oant 21 jier.
Hoe berekkenje wy jo ferhaalsbydrage?
De gemeente brûkt lanlike regels foar de berekkening fan jo ferhaalsbydrage.
Om de ferhaalsbydrage te berekkenjen ûndersiket de gemeente jo ynkomsten en útjeften. De gemeente freget jo hjirfoar it formulier Ferhaal yn te foljen. Nei it ûndersyk ûntfange jo in brief. Hjir stiet yn hokker bedrach jo betelje moatte en hoe’t jo dat dogge.
Formulier Ferhaalsbydrage:
- Digitaal: Folje it digitale formulier Ferhaal (iepenet yn in nij ljepblêd) yn. Jo hawwe hjirfoar jo DigiD nedich.
- Skriftlik: Download it formulier Ferhaal PDF (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.
Alimintaasje en ferhaalsbydrage
Betelje jo alimintaasje? Dan nimt de gemeente dat mei yn ’e berekkening fan ’e ferhaalsbydrage. Hawwe jo de alimintaasje noch net regele? Dan kin de gemeente jo eks-partner ferplichtsje om fia de rjochtbank alimintaasje te easkjen.
Feroaret jo situaasje of jo ynkommen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje om in oanpassing fan de ferhaalsbydrage. Of folje boppesteand formulier yn. Wy berekkenje mei dy ynformaasje opnij jo ferhaalsbydrage.
Kinne jo de fêststelde ferhaalsbydrage net betelje
As jo de ferhaalsbydrage net betelje kinne of as jo fragen hawwe, nim dan sa gau mooglik kontakt mei ús op. Wy tinke graach mei jo mei en sykje tegearre mei jo nei in passende oplossing.
Wat bart der as jo de ferhaalsbydrage net betelje?
As jo de ferhaalsbydrage net betelje en wy hawwe gjin kontakt mei jo, dan kin de gemeente nei de rjochter gean. De rjochter stelt jo ferhaalsbydrage fêst. Soms kin de gemeente beslach lizze op jo ynkommen. Dat kin ekstra jild kostje. Dy kosten binne foar jo.
Mear ynformaasje of help nedich?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: