Fluch oan:

Wolle of kinne jo net digitaal gegevens trochjaan?

Stjoer in e-mail nei heronderzoeken@leeuwarden.nl.

Hoe bankôfskriften downloade

De stappen foar it downloaden fan digitale bankôfskriften ferskille per bank. Hjirûnder fine jo per bank hoe’t jo dat dogge. Hawwe jo in rekken by in net-neamde bank of komme jo der net út? Nim dan kontakt op mei de klanteservice fan jo bank.

ABN AMRO

1. Log yn op ANB AMRO Internetbankieren.
2. Klik op ‘Zelf regelen’ yn jo persoanlike menu.
3. Klik op ‘Afschriften en overzichten downloaden’. Selektearje de namme wêrop’t de ôfskriften steane.
4. Kies foar wa’t jo downloade wolle (dat is jo eigen namme; by in en/of rekken kin ek keazen wurde foar de partner)
5. Kies de rekken, sparrekken of betelrekken
6. Kies ‘Rekeningafschrift’.
7. Kies de lêste opsje: ‘Alle afschriften / overzichten uit de volgende periode’. Jou in perioade oan.
8. Klik op ‘OK’.
9. Klink ûnder ‘Afschriften en overzichten’ op it pdf-logo om it bestân te downloaden.

ING

1. Log yn op Mijn ING en klik op ‘Service’
2. Klik dêrnei op ‘Af- en bijschrijvingen downloaden’
3. Selektearje de rekken en de perioade wêroer’t jo it ôfskrift opfreegje wolle.

RABOBANK

1. Log yn op Rabobank Internetbankieren.
2. Selektearje de juste rekken.
3. Klik op ‘Download transacties en afschrift’ rjochts yn it menu.
4. Klik in perioade oan om it ôfskrift te downloaden.

SNS BANK

1. Log yn op SNS Internetbankieren.
2. Gean nei ‘Bekijk bij- en afschrijvingen’.
3. Selektearje de perioade.
4. Kies ‘Print pdf’.
5. Kies ‘Openen’.

ASN

1. Log yn by ASN
2. Gean links yn it menu nei ‘Betalen’ en dan ‘Transactieoverzicht’
3. Klik dêrnei op ‘Downloaden’

TRIODOS

1. Log yn op Internet Bankieren
2. Gean nei ‘Overzichten’ -> ‘Afschriften’.
3. Selektearje de ôfskriften dy’t jo downloade wolle
4. Klik op it printer-ikoantsje.
5. Jo downloade jo ôfskriften as pdf-bestân.

Help nedich?

Hawwe jo help nedich by:

  • It oanfreegjen fan jo DigiD.
  • It ynfoljen fan it formulier.
  • It ferstrekken fan bewiisstikken.

Stichting Buurtservicepunt kin jo helpe. Op de webside stiet wêr’t jo in Buertservicepunt fine en wat de iepeningstiden binne of belje mei 06-34843569.