Boartersleargroep (pjutteboartersplak)
In boartersleargroep is in plak om te boartsjen mei oare bern, te ûntdekken en te groeien. Om boartsjend nije ûnderfiningen op te dwaan. Underfiningen dy’t wichtich binne foar de ûntwikkeling fan jo bern. In boartersleargroep helpt om de oergong fan thús nei skoalle makliker te meitsjen. It programma fan in boartersleargroep hjit ‘Foar- en Ierskoalske Edukaasje (Voor- en Vroegschoolse Educatie, VVE)’.
Oanmelde by in boartersleargroep
Meld sels jo bern oan by ien fan ’e folgjende trije berneopfangorganisaasjes dy’t foarskoalske edukaasje oanbiede:
Hoe faak is in boartersleargroep?
2 oant 4 deidielen yn ’e wike. Jo bern giet maksimaal 8 oeren yn ’e wike nei de boartersleargroep. Wannear’t der in achterstân is, kin dat ferhege wurde nei 16 oeren yn ’e wike.
Kosten
De kosten kinne jo fergelykje mei de kosten fan in bernedeiferbliuw.
Fergoeding troch in Sosjaal Medyske Yndikaasje (SMI)
Hawwe jo gjin rjocht op berneopfangtaslach fan de Belestingtsjinst? En is it om sosjale of medyske redenen nedich dat jo bern (0 oant 12 jier) nei de opfang giet? Freegje in fergoeding oan fia de gemeente Ljouwert. Dat hjit in ‘Sosjale of Medyske Yndikaasje’ (SMI). Jo as âlder of jo bern kinne beide de reden wêze foar dy yndikaasje.
Oanfreegjen Sosjale Medyske Yndikaasje
De fergoeding oanfreegje kin fia it online formulier Oanfraach Sosjaal Medyske Yndikaasje Berneopfang.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it dokumint Sosjale Medyske Yndikaasje Berneopfang (PDF, 99,69 KB) en folje it yn. Stjoer it dokumint op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Fergoeding fanút de ‘Kopjesregeling’
Mear ynformaasje fine jo op de pagina fergoeding fanút de Kopjesregeling
Berneopfangtaslach
Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Belestingtsjinst.
Adressen berneopfang
Sykje jo in bernedeiferbliuw, boartersleargroep, bûtenskoalske opfang, in gastâlder of gastâlderburo? Mear ynformaasje fine jo op de webside Landelijk Register Kinderopvang fan ’e Ryksoerheid.