Fluch oan:

Berneopfangfoarsjenning starte

Oanmelde

Ful it digitale formulier (iepenet yn in nij ljepblêd) yn op de webside fan de Ryksoerheid. Meld jo berneopfangfoarsjenning dêrnei digitaal by ús oan fia Berneopfangfoarsjenning oanmelde (iepenet yn in nij ljepblêd).

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wat bart der mei jo oanfraach?

De GGD kontrolearret oft jo berneopfangfoarsjenning oan de wetlike kwaliteitseasken foldocht. Is dit it gefal? Dan registrearje wy jo organisaasje yn it Landelijk Register Kinderopvang (LRK). Nei registraasje krije jo fan ús in brief mei befêstiging.

Berneopfangfoarsjenning wizigje

Ful it digitale formulier (iepenet yn in nij ljepblêd) yn op de webside fan de Ryksoerheid. Jou dêrnei jo wiziging digitaal oan ús troch fia Berneopfangfoarsjenning registraasje wizigje (iepenet yn in nij ljepblêd).

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Kosten

Jo betelje kosten foar de oanfraach foar in berneopfangfoarsjenning. Ek by hâlderwizigingen.

  • Oanfraach eksploitaasje bernedeiferbliuw, bûtenskoalske opfang en gastâlderbedriuw € 2.451,56.
  • Oanfraach eksploitaasje gastâlderopfang € 588,38.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Wet berneopfang
  • Regeling Wet berneopfang
  • Beslút kwaliteit berneopfang

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Beliedsregels tasicht en hanthavening berneopfang gemeente Ljouwert 2021
  • Leezjesferoardering Ljouwert

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.