Nammegebrûk wizigje
Nei jo houlik of registrearre partnerskip kinne jo oanjaan hokker namme de oerheid brûkt yn brieven en oare offisjele dokuminten. Dat jildt foar de gemeente, mar ek foar de Belestingtsjinst en de Sosjale Fersekeringsbank. Wizigje sels jo nammegebrûk. Dat kin allinnich by de gemeente dêr’t jo wenje.
Kinne of wolle jo net digitaal jo nammegebrûk wizigje?
Of meitsje in ôfspraak (iepenet yn in nij ljepblêd) om lâns te kommen op it gemeentehûs.
Hokker namme kieze jo
Jo kinne oan ús trochjaan hoe’t wy jo oanskriuwe moatte. Bygelyks:
- Allinnich mei jo eigen namme.
- Allinnich mei de namme fan jo partner.
- Mei jo eigen namme, folge troch de namme fan jo partner.
- Mei de namme fan jo partner, folge troch jo eigen namme.
In foarbyld
Frou Simons trout mei menear Oudewater. Sy meie allebeide de folgjende nammen brûke:
- Oudewater
- Simons
- Oudewater-Simons
- Simons-Oudewater
Hawwe jo troud west? Hawwe jo in registrearre partnerskip hân?
Op offisjele dokuminten bliuwt jo eigen (berte)namme stean. Bygelyks op jo rydbewiis, paspoart, úttreksel of yn it trouboekje. Dat jildt ek as jo ús frege hawwe om yn brieven in oare namme te brûken.
Hawwe jo troud west of hawwe jo registrearre partnerskip hân
Jo kinne de efternamme fan jo eks-partner brûken bliuwe.
Oan wa jouwe jo jo nammegebrûk troch
By de gemeente, Belestingtsjinst en Sosjale Fersekeringsbank wurdt jo nammegebrûk automatysk trochjûn. Oan oare ynstânsjes jouwe jo dit sels troch. Bygelyks jo bank en de fersekering.
Kosten
It wizigjen fan jo nammegebrûk is fergees.
Fragen
Gean foar algemiene ynformaasje nei de paginaTrouwe en registrearre partnerskip.
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: