Fluch oan:

Advyspetear

Foardat jo in oanfraach yntsjinje, hawwe jo advys noadich. In profesjonele saakkundige moat dit advys meitsje. Kies by foarkar in adviseur dy’t erkend is troch de FedEC. De adviseur moat ûnôfhinklik wêze en breder sjen as 1 oplossing. De adviseur mei net de leveransier wêze fan de ynstallaasjes dy’t jo letter keapje. Yn dit advys moat stean oft technyske oplossingen mooglik binne om de druk op it stroomnet te ferminderjen. Tink oan it ferskowen fan enerzjygebrûk (load shifting) of it ferleegjen fan piken (peak shaving). It advys kin ek sjen litte hoe’t jo de bedriuwsfiering útwreidzje kinne mei jo hjoeddeistige stroomoansluting.

Oare subsydzjes

Der binne ek oare subsydzjes foar it meitsje litten fan in advysrapport. Dat rapport kinne jo dêrnei brûke foar it oanfreegjen fan dizze subsydzje.
Jo kinne bygelyks de folgjende subsydzjes oanfreegje foar in advysrapport:

  • Advysvoucherregeling Fryslân 2025-2027
    Dizze regeling fia de provinsje Fryslân kinne jo oanfreegje om in advys opstelle te litten foar de mooglikheden foar in technyske ynstallaasje of oplossing yn jo bedriuw. Mear ynformaasje lêze jo op de website fan SNN (iepenet yn in nij ljepblêd).
  • Subsydzjeregeling fleksibel elektrisiteitsferbrûk (Flex-e)
    Dizze subsydzje fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) is bedoeld foar bedriuwen dy’t in soad elektrisiteit brûke. Sy kinne har enerzjyferbrûk fleksibeler meitsje en sa de problemen troch drokte op it stroomnet ferminderje. Jo kinne ek subsydzje krije foar in enerzjyscan of in helberheidsstúdzje.

Jo kinne net meardere subsydzjes oanfreegje foar 1 aktiviteit. Jo kinne wol subsydzje oanfreegje foar advys út 1 fan boppesteande subsydzjeregelingen en dêrnei subsydzje oanfreegje út dizze regeling foar de advisearre ynvestearring of technyske oplossing. Twifel? Nim kontakt op mei in subsydzje-adviseur fan Ynbusiness of fia economischezaken@leeuwarden.nl.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

In digitale oanfraach wurdt flugger ferwurke as in skriftlike oanfraach. Jo kinne maklik ynlogge op ús subsydzjeportaal mei E-werkenning of DigiD. In soad fan jo gegevens wurde dan automatysk ynfuld.

Wolle jo dochs skriftlik oanfreegje?

Download it oanfraachformulier Subsydzje netbewuste bedriuwichheid gemeente Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach

By jo oanfraach moatte j de folgjende bylagen meistjoere:

  • offerte(s) fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt;
  • in advysrapport fan in ûnôfhinklike saakkundige dêr’t de effektiviteit fan de aktiviteit út blykt;
  • in úttreksel út it hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel;
  • jo moatte oantoane kinne dat mei dizze subsydzje de grins foar finansjele stipe fan de oerheid net oerskrieden wurdt oan de hân fan in ynfulde de-minimisferklearring (iepenet yn in nij ljepblêd).

 

Wannear is dizze subsydzje mooglik wat foar jo

Jo wolle jo bedriuw útwreidzje of duorsumer meitsje. Mar oan jo stroomoansluting hat net genôch kapasiteit. Mei in technyske oplossing kinne jo dochs groeie binnen jo hjoeddeistige oansluting.

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije

  • Jo kinne subsydzje krije foar it troch in profesjonele partij oanbringe litten fan 1 of mear permaninte technyske ynstallaasjes yn jo bedriuwspân, dy’t oantoane kinne dat sy bydrage oan:
    • in ferwachte stiging fan it stroomferbrûk barre kin sûnder dat de elektrisiteitsoansluting oanpast wurdt; en/of;
    • de lokale fraach nei enerzjy minder wurdt; en/of;
    • it stroomferbrûk fan it netwurk ôf sjoen better wurdt (bygelyks troch load shifting of peak shaving).
  • In ynstallaasje kin wêze in enerzjymanagementsysteem, in enerzjyopslachsysteem, in (waarmte)buffer of in oar hardware- en/of softwaremjittich systeem.
  • Subydjze kin ek (foar in part) ferliend wurde troch it opstelle litten fan in advysrapport foar in ynvestearring lykas earder op dizze pagina omskreaun.

Betingsten

  • Foardat jo subsydzje oanfreegje, litte jo in advysrapport meitsje troch in ûnôfhinklik saakkundige. Yn dit rapport stiet oft technyske ynstallaasjes mooglik binne en helpe by it ferminderjen fan de druk op it stroomnet. Is dit it gefal? Dan kinne jo subsydzje krije foar de oankeap en ynstallaasje fan dizze systemen. Yn it rapport stiet yn elk gefal:
  1. in analyze fan jo aktuele enerzjyferbrûk, op grûn fan mjittingen of gegevens;
  2. in ynskatting fan hoe’t jo enerzjyferbrûk feroaret as jo de aktiviteiten útwreidzje;
  3. advys oer hokker technyske oplossingen mooglik binne om de druk op it stroomnet te ferminderjen.
  • Krije jo subsydzje foar in technyske ynstallaasje? Dan moat dy minimaal 5 jier goed wurkjen bliuwe, sûnder it stroomnet ekstra te belêsten.
  • Jo fiere de aktiviteiten binnen 12 moannen út.
  • Jo hawwe in bedriuw dat winst meitsje wol, ynskreaun stiet by de Kamer van Koophandel en fêstige is yn de gemeente Ljouwert.
  • Oanfragen wurde behannele op folchoarder fan ynkommen.

Hichte subsydzje

Jo kinne 30% fan de kosten subsidiearre krije. Foar it opstelle litten fan it advysrapport kinne jo 50% fan de kosten subsidiearre krije, oant maksimaal € 2.500,-. De totale subsydzje is noait heger as € 25.000,-. Yn totaal is der € 350.000,- beskikber foar dizze subsydzjeregeling.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e website fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn nij tabblêd) (iepenet yn in nij ljepblêd):

  • Subsydzjeregeling netbewuste bedriuwichheid gemeente Ljouwert.

Fragen

Wolle jo witte hoe grut de kâns is dat jo subsydzjeoanfraach en oplossing suksesfol binne? Of hawwe jo fragen dy’t jo graach mei in technysk spesjalist besprekke wolle? Dan kinne jo meidwaan oan in yntakepetear. Tegearre mei in saakkundige fan de gemeente Ljouwert wurdt sjoen oft it útfieren fan in subsidiabele aktiviteit helber is foar jo bedriuw. Dat kin sawol op lokaasje as telefoanysk. De yntake is foar de ûndernimmer fergees, behalve de tiid dy’t jo deryn stekke.

Stjoer in e-mail nei economischezaken@leeuwarden.nl, oerlis mei jo accountmanager fan team Ekonomyske Saken of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.