Fluch oan:

Elkenien docht mei

De ESF-subsydzje soarget derfoar dat elkenien meidwaan kin en in moaie takomst hawwe kin. It makket net út wêr’tst wei komst of wa’tst bist. Dat is net allinnich wichtich foar de minsken om wa’t it giet. It draacht ek by oan in sterkere en fearkrêftige mienskip.

De gemeente Ljouwert is de sintrumgemeente foar de arbeidsmerkregio Fryslân. Gemeente Ljouwert hat de ESF-subsydzje oanfrege út namme fan in grut oantal Fryske gemeenten en it PRO en FSU.

Europeeske subsydzje om minsken oan it wurk te helpen

De gemeente Ljouwert wol dat elkenien de kâns krijt om te wurkjen. Mei tank oan dit jild kin de gemeente in grutter oantal minsken begeliede op wei nei wurk. Ek kinne der mear re-yntegraasjetrajekten oanbean wurde. De subsydzje is spesjaal rjochte op:

  • Minsken dy’t in útkearing krije
  • Jongeren
  • Net-útkearingsberjochtigen
  • Minsken mei in langduorjende sykte, oandwaning of handikap
  • Flechtlingen mei ferbliuwsstatus

De subsydzjeregeling ‘ESF+ Aktive Ynklúzje II’ rint oant en mei desimber 2025. De Fryske gemeente hawwe € 2.773.200,- hjirfoar beskikber krigen út it Europeesk Sosjaal Fûns.

Europeeske subsydzje helpt minsken aktyf mei te dwaan yn de mienskip

De gemeente Ljouwert helpt minsken dy’t troch problemen muoite hawwe om mei te dwaan yn de mienskip. Tink bygelyks oan minsken mei lichaamlike of psychyske problemen, kultuerferskillen of skulden. Mei ekstra begelieding en aktiviteiten helpt de subsydzjeregeling ‘ESF Sosjale Ynklúzje’ dizze minsken mei te dwaan oan de maatskippij. De subsydzje is spesjaal rjochte op:

  • Minsken dy’t in útkearing krije
  • Jongeren
  • Net-útkearingsberjochtigen
  • Minsken mei in langduorjende sykte, oandwaning of handikap
  • Flechtlingen mei ferbliuwsstatus

De subsydzjeregeling ‘ESF+ Aktive Ynklúzje’ rint oant en mei oktober 2025. De Fryske gemeenten hawwe € 808.850,- hjirfoar beskikber krigen út it Europeesk Sosjaal Fûns.

Europeeske subsydzje foar learlingen PRO en FSU

It is hiel wichtich dat PRO en FSU goed oanslute op de arbeidsmerk. Dizze learlingen hawwe faak in gruttere ôfstân ta de arbeidsmerk. Om dizze jongerein gelikense kânsen te jaan op in wurkplak, ynvestearje de skoallen yn ekstra staazjebegelieding en kursussen.

De subsydzjeregeling ‘ESF+ foar learlingen PRO en FSU ûnderwiis’ rint oant en mei july 2025. Alle PRO en FSU skoallen fan Fryslân ûntfange mei-inoar € 1.345.000,- út it Europeesk Sosjaal Fûns.

Europeeske subsydzje foar oplieding en wurk yn Noard-Nederlân

De gemeenten Ljouwert, Grins, Emmen en de provinsje Drinte hawwe Europeeske subsydzje oanfrege om personielsproblemen yn de sektoaren Bou, Technyk, Transport en Sûnenssoarch oan te pakken. Troch feroaringen lykas de enerzjytransysje, bou-opjefte, digitalisearring en migraasje hawwe bedriuwen wurknimmers mei kennis en feardichheden hjiroer nedich. Mei dizze subsydzje kinne wurknimmers har tariede op de takomst, en minsken mei in kwetsbere arbeidsmerkposysje kinne ekstra help krije. De subsydzje is spesjaal rjochte op:

  • Minsken dy’t in útkearing krije, hawwe of de ôfrûne 3 jier hân hawwe.
  • Net-útkearingsberjochtigen.
  • Minsken mei in langduorjende sykte, oandwaning of handikap.
  • Minsken mei in leech opliedingsnivo.
  • Wurkjenden mei in leech ynkommen.
  • Flechtlingen mei ferbliuwsstatus.

De subsydzjeregeling ‘ESF+ Sektoaren, Kânsryk Noard’ rint oant en mei jannewaris 2026. De Fryske gemeenten hawwe € 2.500.000,- hjirfoar oanfrege út it Europeesk Sosjaal Fûns.

Mear witte?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.