Fluch oan:

Betingsten om digitaal te ferlingjen

  • Jo steane ynskreaun yn de Basisregistraasje persoanen (BRP) fan de gemeente Ljouwert.
  • De oanfraach giet oer in ferlinging of kategory-útwreiding.
  • Jo hawwe by in erkend fotograaf west foar it meitsjen fan in digitale foto.
  • Jo hawwe de ID-check tafoege oan de DigiD-app. Hjirfoar hawwe jo in Android smartphone ferzje 7.0 of heger of in iPhone 7 of heger mei iOS ferzje 13.2 of heger nedich.

Ofspraak meitsje foar oanfreegjen, ferlingjen of fernijen

Meitsje in ôfspraak om lâns te kommen

De datums dy’t jo by it meitsjen fan in ôfspraak sjogge, binne de iennichste beskikbere datums. It hat gjin doel om hjirfoar kontakt mei ús op te nimmen.

Slagget it net om digitaal in ôfspraak te meitsjen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Lânskomme sûnder ôfspraak kin op

  • Moandei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tiisdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Woansdei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tongersdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Freed fan 08:30 oant 12:00 oere.

Rydbewiis ophelje

Nei 5 wurkdagen helje jo it rydbewiis persoanlik ôf op it gemeentehûs. Dêrfoar hoege jo gjin ôfspraak te meitsjen. Nim it âlde (ferrûne) rydbewiis mei as jo dy hawwe, dy moatte jo ynleverje.

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

  • In jildich legitimaasjebewiis by in earste oanfraach.
  • It rydbewiis dat jo no hawwe by ferlinging of fernijing.
  • Pasfoto dy’t foldocht oan de easken.
  • Jild. It leafst wolle wy dat jo mei pin betelje.

Wannear is in sûnensferklearring nedich?

As jo 75 jier of âlder binne, in beheining hawwe of in rydbewiis foar frachtwein of bus oanfreegje wolle. Yn de Sûnensferklearring steane fragen oer jo sûnens. Nei’t jo dizze ferklearring ynfolle hawwe, beslist it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) oft jo sûn genôch binne om te riden. Jo krije hjiroer automatysk berjocht.

Hoe oanfreegje?

Freegje digitaal in sûnensferklearring oan.

Slagget digitaal oanfreegjen net?

Freegje in papieren sûnensferklearring oan fia it CBR.

Binne jo 75 jier of âlder?

Dan is der ek in mooglikheid om in papieren Sûnensferklearring op te heljen by it Gemeentehûs. Dit kostet jo wol mear jild as wannear’t jo him digitaal oanfreegje. De kosten binne € 45.70.

Kategory-útwreiding

Hawwe jo in oanfullend rydfoech helle? Bygelyks jo frachtweinrydbewiis. It rydbewiis dat jo no hawwe, moat fernijd wurde. Jo hawwe hjirfoar in sûnensferklearring nedich. Dy kinne jo digitaal oanfreegje. Slagget digitaal oanfreegjen net? Helje dan persoanlik in sûnensferklearring op by it Gemeentehûs.

Rydbewiis foar jongerein ûnder de 18 jier

Jo meie allinnich ride ûnder begelieding fan in coach mei in begeliederspas. De coach freget in begeliederspas oan. Dit regelje jo fia de RDW. Jo registrearje minimaal 1 en maksimaal 5 coaches. Is de begelieding regele? Freegje dan jo rydbewiis oan.

Omwikseljen bûtenlânsk rydbewiis yn in Nederlânsk rydbewiis

Hawwe jo in bûtenlânsk rydbewiis en wenje jo yn Nederlân? Jo meie tydlik yn Nederlân ride mei it bûtenlânske rydbewiis. Dêrnei moatte jo it rydbewiis omwikselje by de gemeente. Meitsje in ôfspraak foar it omwikseljen fan jo rydbewiis. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de RDW.

Nije wet Digitale Overheid (chip yn it rydbewiis)

Mei yngong fan 1 july 2023 jildt de nije wet Digitale Overheid. Fan dan ôf kinne jo de chip yn jo rydbewiis aktivearje. Nei’t jo de chip yn jo rydbewiis aktivearre hawwe, kinne jo mei jo rydbewiis ynlogge. Dit binne jo net ferplicht.

Yn de takomst sille ferskillende (oerheids)websiden gebrûk meitsje fan dizze ynlogfunksje. Jo persoansgegevens wurde hjirtroch ekstra beskerme. Troch yn te loggen mei jo rydbewiis en pinkoade krije jo tagong ta jo persoansgegevens.

Hawwe jo in rydbewiis dat ôfjûn is fan 1 july 2023 ôf

Dan krije jo binnen 5 wurkdagen nei’t jo it rydbewiis ophelle hawwe oer de post in pinkoade tastjoerd.

  • Hawwe jo nei 5 wurkdagen gjin brief mei pinkoade ûntfongen? Freegje dan binnen 6 wiken fia de webside fan DigiD in nije brief oan.

Hawwe jo fragen oer de ynlogfunksje

Gean dan nei de webside fan DigiD.

Spoedoanfraach

Hawwe jo rydbewiis flugger nedich as binnen 5 wurkdagen? Doch dan in spoedoanfraach. Freegje jo rydbewiis foar 14:00 oere oan op it gemeentehûs. Meastal kinne jo it de folgjende wurkdei ophelje. Oerlis dit mei de meiwurker dy’t jo oanfraach yn behanneling nimt.

Rydbewiis kwyt, stellen of wer fûn

Rydbewiis kwyt of stellen

Jou dit sa gau mooglik troch fia de webside fan de RDW of fia de gemeente Ljouwert. Dêrnei freegje jo in nij rydbewiis oan. Jo hoege gjin oanjefte fan fermissing te dwaan by de plysje.

Rydbewiis wer fûn

Leverje it yn op it Gemeentehûs. It rydbewiis is net mear jildich as jo al in nij rydbewiis oanfrege hawwe.

Kosten

  • Earste oanfraach/fernije/omwikselje: € 51,10.
  • Haast: € 39,65 ekstra.