Fluch oan:

Projekt Auto-earme binnenstêd

De gemeenteried is op 24 jannewaris akkoart gien mei it projekt auto-earme binnenstêd (omjouwing Iewâl en Gûveneursplein). It projekt is ien fan de ûnderdielen fan it Utfieringsprogramma Binnenstêd. Dêrmei is ek it jild dat nedich is foar it keapjen fan kamera’s en it fergrienjen fan ’e buert beskikber steld.

Kamera’s yn auto-earm gebiet

Yn it auto-earme gebiet yn ’e binnenstêd komme kamera’s te hingjen. Sadree’t dy yn gebrûk binne, hâlde de ferkearsregelers op mei harren wurksumheden. De kamera’s registrearje it ferkear (foertugen mei in motor) dat it auto-earme gebiet ynrydt fia de Monnikemuorrestrjitte, Woartelhaven, Minnemastrjitte, Grutte Heechstrjitte en Grutte Tsjerkstrjitte. De kamera’s wurde oanbestege en as alles neffens plan ferrint, wurde se noch dit jier pleatst.

Mear grien

De Woartelhaven, Iewâl en it Gûveneursplein krije mear grien. Ein ferline jier is in sketsûntwerp oan ’e omjouwing presintearre. Dat ûntwerp wurdt no fierder útwurke. Ek wurdt de kommende perioade besjoen hoe’t de planning fan dizze wurksumheden derút komt te sjen.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Skriuw jo dan yn foar de digitale nijsbrief. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo ûnder oare op ’e hichte fan de besprekkingen yn de gemeenteried en nûgje wy jo út foar gearkomsten.

Hawwe jo fragen?

Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl.