Fluch oan:

Wurksumheden

De wurksumheden wurde dien fan 15 febrewaris oant en mei 23 july 2027. Yn dy perioade is de Hermesbrêge ôfsletten foar al it weiferkear. De wurksumheden kinne net langer útsteld wurde, om’t út ûndersykt blykt dat de brêge de ein fan har libbensdoer berikt hat.

Der wurdt wurke op wurkdagen tusken 07:00 en 19:00 oere. Yn prinsipe binne der gjin wurksumheden yn de jûnen, nachten en wykeinen. Allinnich ûnder de stremmingen fan de farwei (sjoch fierderop op dizze side) kin dêrfan ôfwykt wurde, bygelyks foar it úthisen, demontearjen of montearjen fan brêgeûnderdielen.

Wat dogge wy?

De boppebou fan de brêge wurdt ferfongen. Dêrneist fiere wy ûnderhâld út oan ûnderdielen om de brêge hinne. Ek wurdt de Hermesbrêge oansletten op de sintrale brêgebetsjinning yn it Swettehûs. Dêrtroch kin de brêge op ôfstân betsjinne en better monitoare wurde. Dat makket de brêge minder steuringsgefoelich en ienfâldiger te behearen.

De wurksumheden wurde útfierd troch Solidd Steel Structures út Sumar.

Berikberens

De Hermesbrêge leit op in belangryk plak yn it ferkearsnetwurk fan Ljouwert. It is de iennichste noard-súdferbining tusken de Ferlaatsbrêge en de Slauerhoffbrêge op dit diel fan de stedsring. Dêrtroch hawwe in soad weigebrûkers te krijen mei de gefolgen fan de wurksumheden.

Om de stêd berikber te hâlden, wurdt ferkear omlaat:

  • Autoferkear rydt fia de Slauerhoffbrêge.
  • Fytsers wurde omlaat fia de Ferlaatsbrêge.
  • Op belangrike rûtes wurde op ’e tiid omliedingsbuorden pleatst. Automobilisten moatte rekkening hâlde mei in oare rûte en mooglik ekstra reistiid. Foar fytsers soarget de gemeente foar dúdlike beweiwizering.

Berikberens fan bedriuwen

Bedriuwen bliuwe tidens de wurksumheden berikber. De gemeente wurket de ferkearsmaatregels fierder út en giet yn petear mei ûndernimmers om eventuele knyppunten iertiids yn byld te bringen. Dêrby sjogge wy ûnder mear nei berikberens, befoarrieding en bedriuwsfiering.

Berikberens farwei

De farwei bliuwt meastepart beskikber. Allinnich yn 5 koarte perioades is de farwei tydlik sletten. Yn totaal giet it om 15 dagen:

  • 20 en 21 febrewaris 2027
  • 6 en 7 maart 2027
  • 21 oant en mei 23 april 2027
  • 1 en 2 maaie 2027
  • 24 en mei 28 juny 2027

Dizze ôfslutingen wurde yn it foar oankundige sadat de skipfeart dêr rekkening mei hâlde kin.

Bredere brêge-oanpak

Ljouwert stiet, krekt as in soad oare gemeenten, foar in grutte ferfangings- en ûnderhâldsopjefte fan brêgen en oare ynfrastruktuer. Dêrom wurket de gemeente oan in planmjittige oanpak wêrby’t brêgen ynspektearre wurde en dêr’t dat nedich is renovearre of ferfongen. Goed ûnderhâld en yntiidse ferfanging foarkomme steuringen, hegere kosten en ûnferwachtsje ôfslutingen.

Faak stelde fragen

  • Is de Hermesbrêge ûnfeilich?
    • Nee. De brêge is feilich yn gebrûk. De ferfanging is gjin gefolch fan in akkút feiligensprobleem. Ut ynspeksjes blykt wol dat de brêge de ein fan har technyske libbensdoer berikt hat. Troch no te ynvestearjen foarkomme wy gruttere problemen en ekstra ûnderhâld yn de takomst.
  • Wêrom wurdt de brêge ferfongen en net opknapt?
    • De gemeente sjocht by brêgen altyd nei de meast effektive oplossing. Dêr’t dat mooglik is kieze wy foar renovaasje en libbensdoerferlinging. Ut technysk ûndersyk blykt dat foar de Hermesbrêge ferfanging fan de boppebou needsaaklik is om de brêge wer foar tsientallen jierren betrouber te meitsjen.
  • Wat leveret dizze renovaasje op?
    • Nei de wurksumheden beskikt Ljouwert wer oer in feilige, betroubere en takomstbestindige brêge dy’t nei ferwachting noch tsientallen jierren mei kin. Troch de oansluting op de sintrale brêgebetsjinning wurdt de brêge boppedat effisjinter beheard en minder steuringsgefoelich.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.