Fluch oan:

Wy starte mei 5 projekten

Ynformaasje oer wat der per projekt bart, fine jo op ûndersteande siden per projekt. Ek fine jo dêr ynformaasje hoe’t jo meitinke kinne, of hoe’t jo trochjaan kinne wat foar jo belangryk is.

De gemeente belûkt ek de omjouwing

Wy hâlde jo op ’e hichte fia in nijsbrief, of fia de ynformaasje op 1 fan boppesteande siden per projekt.

Wat fernimme jo derfan?

De gemeente Ljouwert wol sterker meitsje wat de binnenstêd unyk makket. Dat binne de monumintale omjouwing, it wetter, ús meartalige en Fryske identiteit en de minsklike mjitte fan Ljouwert. Fuotgongers en fytsers komme faker op ien te stean. Mear strjitten wurde auto-earm ynrjochte, wylst it grutte tal parkeargaraazjes de binnenstêd mei de auto prima berikber hâldt. Dat jout romte foar in oantreklike, griene omjouwing dy’t klimaatbestindich is. Ek de grêften wurde oantrekliker, bygelyks mei stegers en treppen. Mear ynformaasje fine jo yn it Utfieringsprogramma Binnenstêd (PDF, 7.52 MB).

Gearfetting fan alle plannen

In gearfetting fan alle plannen yn it Programma Binnenstêd fine jo yn it dokumint Ynvestearje yn de Binnenstêd 2023-2023.

Mear kânsen foar ûndernimmers

De mienskip feroaret. In soad oankeapen wurde no online dien. Om it foar besikers en toeristen de muoite wurdich te meitsjen om nei Ljouwert te kommen en hjir te winkeljen, is belibbing nedich. In goede ferbliuwskwaliteit stiet dêrom foarop. Undernimmers, bewenners en besikers profitearje dêrfan.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Wolle jo op ’e hichte bliuwe? Skriuw jo dan yn foar ús digitale nijsbrief. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo ûnder oare op ’e hichte fan de besprekkingen yn de gemeenteried en nûgje wy jo út foar gearkomsten.

Hawwe jo fragen?

Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl