Fluch oan:

Oer it projekt

Hoe soargje wy derfoar dat de Prinsetún in noflik plak bliuwt foar al dy ferskillende besikers? Mei behâld fan it grien, it wetter en de moaie âlde beammen? It projekt Prinsetún is bedoeld om dy fraach te beäntwurdzjen. Dat dogge wy net allinnich as gemeente, mar ek tegearre mei jo.

Untwikkelkader Prinsetún

De gemeente makket in ûntwikkelkader foar de Prinsetún. Hjiryn stiet hokker funksjes der al yn de Prinsetún binne of hokker funksjes yn de takomst winske binne. Tink bygelyks oan toiletfoarsjennings foar deirekreanten en bettere foarsjennings foar havenpassanten. En wêr kinne dy funksjes realisearre wurde? Yn it ûntwikkelkader komme dus de kânsen en mooglikheden foar de Prinsetún te stean. Hjirmei wol de gemeente goede plannen meitsje. Net alles kinne en wolle wy dwaan yn de Prinsetún, want it is al in hiel moai stedspark en boppedat in beskerme ryksmonumint.

Fragelist oer de Prinsetún

Om derefter te kommen wêrom’t minsken nei de Prinsetún komme en wat se wichtich fine, is der in fragelist dy’t yn de moannen july en augustus ynfolle wurde koe. Hast 700 minsken hawwe dizze list ynfolle en dat hat in soad ynformaasje opsmiten. De Wurkgroep Prinsetún en fertsjintwurdigers fan de gemeente Ljouwert geane hjirmei oan de slach.

Wurkgroep Prinsetún

Oan de ein fan de fragelist koenen belangstellenden har opjaan foar de Wurkgroep Prinsetún. De belangstelling dêrfoar wie grut. Mear as 70 minsken woenen dat graach dwaan. Uteinlik binne der 30 minsken útnûge foar de wurkgroep. Mei-inoar foarmje se in groep brûkers fan de Prinsetún mei ferskaat. Fan omwenners oant studinten, en fan de útbater fan de Koperen Tuin oant de eigeners fan Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Mei-inoar hawwe se praat oer wat der goed is oan de Prinsetún en wat der better kin. Ek de gemeente sit yn dizze wurkgroep. Positive punten binne bygelyks it grien, de monumintale beammen, de jachthaven en de fiver. Negative punten dy’t neamd waarden, binne ûnder mear (lûds)oerlêst, breklike toiletfoarsjennings, tsjustere plakken en in tekoart oan hoareka.

Boustiennen foar it ûntwikkelkader Prinsetún

Fan al dizze punten is in kânse- en kwaliteitekaart makke. Stedskuierpark de Prinsetún is dêrby ferdield yn ferskillende gebieten, fan de Arendstún ôf oant De Harmonie. En dat is in grutter gebiet as allinnich de Prinsetún. De wurkgroep fynt nammentlik dat ek de Wissesdwinger mei de Arendstún, de Froupoartsdwinger en de Noardersingel kânsen biede. Foar elk gebiet binne de kânsen fertaald yn funksjes en is sjoen wat dat romtlik betsjut.

De Wurkgroep Prinsetún presintearre tiisdei 31 oktober mei de gemeente de earste ideeën en kânsen. By dizze ynrinsesje koenen oanwêzigen reagearje op de ideeën. Nei ôfrin wienen de plannen ek digitaal yn te sjen.

De gemeente stelt op grûn fan de feedback en de kânse- en kwaliteitekaart in konsept-ûntwikkelkader op. Dêr komme funksjonele en romtlike foarstellen yn te stean. Dit konsept wurdt besprutsen troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dêrnei nimt de gemeenteried in beslút. It ûntwikkelkader foarmet de basis foar de útfiering fan de plannen foar de Prinsetún foar de kommende jierren.

Foarriedige planning

  • July-augustus: Fragelist ynfolje.
  • Septimber: Ideeësesjes mei de Wurkgroep Prinsetún.
  • Oktober: Skriuwen fan in plan (it Untwikkelkader) foar de Prinsetún.
  • 31 oktober: Ynringearkomste fan de gemeente en wurkgroep Prinsetún oer de kânsekaart foar de Prinsetún. Tusken 19:00 en 21:00 oere yn it gemeentehûs fan Ljouwert. Noordpeil jout 19:15 en 20:15 oere in koarte presintaasje.
  • 1 oant 5 novimber: digitaal reagearje op de kânsekaart Prinsetún fia dizze website.
  • Ein 2023 / begjin 2024: It kolleezje fan boargemaster en wethâlders besprekt it ûntwikkelkader en freget oan de gemeenteried om der in beslút oer te nimmen.

Nijsbrief

Wolle jo op de hichte bliuwe fan it projekt Prinsetún? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.

Hjirûnder fine jo de nijsbrieven dy’t al ferskynd binne:

Fragen?

Stjoer in e-mail nei Prinsentuin@leeuwarden.nl.