Fluch oan:

Wêrom nedich

In nije heechspanningsferbining is nedich omt der hieltyd mear (duorsume) elektrisiteit Nederlân ynkomt. Bygelyks fan wynparken op see. Dêrneist nimt it ferbrûk fan elektrisiteit troch húshâldens, yndustry en auto’s ta. Dat freget hieltyd mear fan ús lanlike elektrisiteitsnetten.

Wa is ferantwurdlik

It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat is opdrachtjouwer. TenneT is de útfierende party en dêrmei ek ferantwurdlik foar de omjouwingskommunikaasje.
De gemeente hat gjin offisjele rol yn dit projekt. Wol jouwe wy ús miening en lette wy op in goed plak yn de omjouwing. Ek komme wy op foar it wolwêzen fan de bewenners.

Wat merk ik en wat kin ik dwaan

TenneT ynformearret de omwenners fan it foarkarsplak fan de nije heechspanningsferbining en soarget derfoar dat omwenners op ’e hichte bliuwe fan de ûntwikkelingen.

Ynrinbyienkomst

10 juny wie der in ynringearkomst dy’t organisearre waard troch TenneT.

Sjenswize

It plan lei fan 22 maaie oant en mei 2 july 2026 op besjen. It yntsjinjen fan in sjenswize koe fia de webside Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) (iepenet yn in nij ljepblêd).

Fragen

It Ryk

It Ryk nimt beslissingen en giet oer it proses. Mear ynformaasje fine jo op de website fan it RVO (iepenet yn in nij ljepblêd).

TenneT

TenneT is ferantwurdlik foar de ynformaasje en kommunikaasje nei en mei omwenners/de omjouwing. Alle ynformaasje oer dit projekt is te finen op de projektwebside fan TenneT (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo kinne jo dêr oanmelde foar de nijsbrief oer Vierverlaten-Ens en kontakt opnimme as jo fragen hawwe.