Werynrjochting krúspunt Harnzerstrjitwei
Wy sille it krúspunt Harnzerstrjitwei – Ingelskestrjitte – Nachtegealstrjitte ferbetterje. It krúspunt wurdt feiliger en soarget foar in bettere trochstreaming fan it ferkear.
Wêrom dogge wy dit?
Yn 2022 hat de gemeente ûndersocht hokker krúspunten yn Ljouwert ûnfeilich binne. It krúspunt Harnzerstrjitwei – Ingelskestrjitte – Nachtegealstrjitte stiet yn de top 10 fan gefaarlikste plakken.
Planning
Sûnt de simmer fan 2025 wurkje wy oan ferskate ûntwerpen foar it krúspunt. Wy hawwe mei de bewenners praat en har ideeën en soargen meinommen yn de plannen.
Yn oktober 2025 organisearren wy in byienkomst dêr’t wy de fjouwer ûntwerpen presintearren. Bewenners koene de Ferkears- en Untwerpplannen (VOP) besjen en har miening jaan.
De fjouwer ûntwerpen binne:
- VOP Harnzerstrjitwei 100 C01-01
- VOP Harnzerstrjitwei 101 C01-01
- VOP Harnzerstrjitwei 102 C01-01
- VOP Harnzerstrjitwei 103 C01-01
Hoe giet it fierder?
- Begjin 2026: De gemeente kiest it bêste ûntwerp. Dêrnei wurkje de ferkearssaakkundigen it keazen ûntwerp fierder út en meitsje se in foarriedich ûntwerp.
- Begjin 2026: Sadree’t it foarriedige ûntwerp klear is, ynformearje wy de buert.
- Simmer 2026: It definitive ûntwerp wurdt fêststeld.
- Begjin 2027: De wurksumheden sette útein.
Bliuw op ’e hichte!
Wy hâlde bewenners en belutsenen op ’e hichte fia nijsbrieven en advertinsjes. De nijsbrief wurdt fysyk yn de buert ferspraat. Ynwenners dy’t har e-mailadres by de byienkomst efterlitten hawwe, krije in persoanlik antwurd. De fragen en antwurden wurde anonimisearre op dizze side pleatst.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.