Fluch oan:

Wêrom AV Frieso?

De gemeente Ljouwert fynt it wichtich dat elkenien in goede soarchfersekering hat. Dêrom helpt de gemeente minsken mei in leech ynkommen en hege soarchkosten. Mei AV Frieso binne jo goed fersekere. En omdat jo nei alle gedachten ek noch rjocht hawwe op soarchtaslach, hoege jo noch mar in bytsje preemje te beteljen. Koartsein: lege kosten foar in goede fersekering.

Wat jo witte moatte

De kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet bestiet út in basisfersekering en in oanfoljende fersekering. Hawwe jo al in basisfersekering by De Friesland? Dan kinne jo op elk momint oerstappe nei AV Frieso Compleet.

No fersekere by in oare soarchfersekerder?

Jo kinne oerstappe nei de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet oan ’e ein fan it jier. Doch dit fóár 1 jannewaris. Fan 1 jannewaris ôf binne jo dan fersekere fia AV Frieso Compleet.

Preemje en eigen risiko 2026

2025

  • Jo preemje foar de basisfersekering is € 156,25 per moanne.
  • Jo preemje foar de oanfoljende ferskering (AV Frieso Compleet) is € 32,30 per moanne.
  • De totale preemje bedraacht dan € 188,55 per persoan per moanne.
  • It eigen risiko is € 385,-.

2024

  • Jo preemje foar de basisfersekering is € 147,45 per moanne.
  • Jo preemje foar de oanfoljende ferskering (AV Frieso Compleet) is € 30,75 per moanne.
  • De totale preemje bedraacht dan € 178,20 per persoan per moanne.
  • It eigen risiko is € 385,-.

Tink derom: faaks hawwe jo rjocht op soarchtaslach, wêrtroch’t it bedrach ûnderoan de streek leger is. Dat kinne jo maklik neigean op de webside datgeldtvoormij.nl (iepenet yn in nij ljepblêd)

Ha ik rjocht op de fersekering?

De fersekering is foar ynwenners fan Ljouwert mei in leech ynkommen en net folle sparjild. De gemeente sjocht nei hoefolle jild jo fertsjinje en hoefolle sparjild jo hawwe.

Hawwe jo in efterstân mei it beteljen fan jo soarchfersekering? Of binne jo oanmeld as wanbeteller by it CAK? Dan kinne jo net gebrûkmeitsje fan de AV Frieso Compleet.

Yn de tabel fine jo mear ynformaasje oft jo yn oanmerking komme foar de fersekering:

125% (netto ekskl. fakânsjetaslach) Allinnichsteande (âlder) Troud persoan
Leeftiid Moanne Moanne
18-20 jier, thúswenjend € 401,86 € 821,73
18-20 jier, útwenjend € 1.664,28 € 2.377,53
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.664,28 € 2.377,53
AOW-leeftiid € 1.858,07 € 2.546,19
Ferbliuw yn in ynrjochting € 585,72 € 952,50
Fermogen Bedrach
Allinnichsteand persoan € 8.000,-
Allinnichsteand persoan (allinnichsteande âlder) en troud/by-inoar wenjend persoan € 16.000,-

 

Fergoedingen kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet

Op de webside fan De Friesland (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo mear ynformaasje oer de fergoedingen.

Oanmelde

Oanmelde foar de AV Frieso Compleet dogge jo fia de webside Gezondverzekerd. (iepenet yn in nij ljepblêd) Jo hawwe in DigiD nedich.

Check sels online regelingen en taslaggen

Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check (iepenet yn in nij ljepblêd) op de webside De VoorzieningenWijzer en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.

Gratis advyspetear

Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan De VoorzieningenWijzer (iepenet yn in nij ljepblêd).

Mear ynformaasje of help nedich?

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?